Logo Gurbe Douwstra

Lêste nijs

Mear klips op Youtube

Ik ha wer efkes in pear fideoklips op myn eigen Youtube-kanaal set. At je dan sa’n kanaal ha, dan moatte je der ek gebrûk fan meitsje. It is myn doel

Lês mear»

Wolkom op myn nije website!

Wolkom op myn nije website, makke troch Jan de Vries fan DeSaak.nl yn Aldebiltsyl. Hjir kinne jimme it measte wol fine oer de sjonger en lietskriuwer Gurbe Douwstra. Solo, mar

Lês mear»

Nij album (CD/LP)

Yn de rin fan 2021 sil der ek in nij album ferskine. Dêrop komme yn alle gefallen de lietsjes út de foarstelling ‘TePlak’. De opnames wurde pland yn de earste

Lês mear»

Media

Dit binne de CD’s dy’t ik oant no ta útbrocht ha.
At je op it plaatsje klikke fan de cd, komt dy yn byld mei de list mei lietsjes. At je dan op de titel fan in lietsje klikke komt de tekst fan dat liet yn byld. Maklik no. Boppedat hawwe je dan ek de mooglikheid om de cd te bestellen. Klik op it knopke ‘Bestel CD’ en dan wiist it ‘m fansels.

Biografy

Gurbe Douwstra, berne op 17 febrewaris 1954 yn Drachten as jongste yn in gesin mei fjouwer bern, hat eins syn hiele libben wol de muzyk as grutte passy hân. Dat sette op de middelbere skoalle yn Drachten útein mei it foarmjen fan en spyljen yn in tal skoallebands mei nammen as Ltd, the Weary Blues Band, Managisha en Zenith. De muzyk fariearde dêrby fan blues, pop en rock oant progressive wat mear eksperimentele muzyk.

 

Nei de middelbere skoalle en syn militêre tsjinsttiid bedarre hy yn Uithuizen yn it noarden fan Grinslân, dêr't hy oan it wurk gie as sjoernalist/ferslachjouwer by de Ommelander Courant en rekke de muzyk wat op 'e achtergrûn. Lykwols, doe't hy in baan krige by de Ljouwerter Krante en weromkaam yn Drachten pakte hy dy muzyk wer op en stapte hy yn de rockband Maîtresse. Mei dy band hat hy trije jier lang optreden en der binne ek studio-opnames makke. In offisjele release fan in lûdsdrager (doedestiids foaral noch LP's) is der lykwols nea fan kaam.

Ek Radio Fryslân, letter Omrop Fryslân, yntusken syn nije wurkjower, hat nochris in live-konsert fan Maîtresse opnommen by in optreden yn it eartiids romrofte muzykkafee de Brouwershoek yn Ljouwert. Yn de hjerst fan 1982 lykwols wie it fjoer der ôf, hold de band der mei op en hinge Gurbe de gitaar en de mikrofoan foarearst yn de wylgen.

 

It hat tolve jier duorre oant dat hy yn 1994 de muzyk wer oppakte. Earst yn de freonenband de Howdy Doody Boys, letter omdoopt ta Bêdbuks en úteindelik as solist, sjonger en lietskriuwer, mei hieltyd mear eigen en foaral ek Frysktalich repertoire.

Nei in tal jierren skriuwe en oefenje stie hy yn maart 1999 foar it earst as solist op it poadium. Twa jier letter, yn 2001, kaam syn debút-cd 'Dizze Stoarm' út. De twadde, 'Myn Eigen Paad', waard yn 2005 útbrocht en dêrnei kamen 'Thús' yn 2010 en 'Op 'n paad' yn 2019. By de 'diskografy' kinne jimme dizze cd's en de teksten fan alle lietsjes fine.

 

Fan 2002 oant en mei úteindelik 2017 spile Gurbe Douwstra njonken solo ek mei Jaap Louwes, Doede Veeman en Piter Wilkens yn de gelegenheidsband 'De Fjouwer Trûbadoers'. Dizze maten skreaunen meiinoar hieltyd mear repertoire spesjaal foar dizze band en stienen dêrmei rûnom yn de provinsje op de poadia. De gearwurking hat ek noch twa cd's opsmiten, 'D'r Tuskenút' yn 2004 en 'De âlde púndyk by del' út 2007.

 

Gurbe Douwstra hat ek in tal jierren in gelegenheidsduo foarme mei sjongeres Gerbrich van Dekken fan Eastermar, no wenjend yn Ljouwert. Hjoed de dei is hy, njonken syn solo-karrière, ek dwaande mei de sjonger en lietskriuwers Marcel Smit en Piter Wilkens. Mei syn trijen bringe sy al in jier as wat it hieltyd wikseljende lietsjesprogramma 'Frisicana', mei in miks fan eigen Frysktalich repertoire en lietsjes yn it Ingelsk fan artysten dy't harren ynspirearre ha.

 

Yn 2020 kaam Gurbe Douwstra foar it earst mei in jûnfoljend teater-lietsjesprogramma. Mei as titel 'TePlak' makke hy in soarte fan muzikale libbensreis, sykjend nei wannear't je no echt 'teplak' binne yn je libben en hoe't je dêr dan krekt komme kinne. Mei help fan de freonen/muzikanten Johanna van der Veen, Wander van Duin en Jan de Vries, dy't ek wol faker oan projekten fan him meiwurkje, brocht hy dit programma yn de teaters en sealen yn Fryslân, al wie it dan ek mei in drege ûnderbrekking troch de corona-pandemie, dy't it hiele lân yn 2020 yn 'e besnijing hie. Yntusken is Gurbe Douwstra dwaande mei it skriuwen fan in nij teater-lietsjesprogramma dat mooglik yn 2022 te sjen wêze sil. Ek wurdt der wurke oan opnames foar nij cd-materiaal.

Gurbe Douwstra, geboren op 17 februari 1954 in Drachten als jongste in een gezin met vier kinderen, heeft eigenlijk zijn hele leven wel de muziek als zijn grote passie gehad. Dat begon al op de middelbare school in Drachten met het vormen van en spelen in een aantal schoolbandjes met namen als Ltd, the Weary Blues Band, Managisha en Zenith. De muziek varieerde daarbij van blues, pop en rock tot aan progressieve, wat meer experimentelere muziek.

 

Na de middelbare school en zijn militaire diensttijd kwam hij in Uithuizen terecht in het noorden van de provincie Groningen. Daar ging hij als journalist/verslaggever aan het werk bij de Ommelander Courant en raakt de muziek wat op de achtergrond. Toen hij evenwel een baan kreeg bij de Leeuwarder Courant en weer in Drachten terugkwam, pakt hij de muziek weer op en stapte hij in de rockband Maîtresse. Met die band heeft hij drie jaar lang opgetreden en er zijn ook studio-opnames gemaakt. Een officiële release van een geluidsdrager (toen nog vooral LP's) is er echter niet van gekomen.

Wel heeft Radio Fryslân, later Omrop Fryslân, inmiddels zijn nieuwe werkgever, een live-concert van Maîtresse opgenomen bij een optreden in het toentertijd bekend muziekcafé de Brouwershoek in Leeuwarden. In het najaar van 1982 was evenwel het heilige vier verdwenen bij de bandleden en hield Maîtresse er mee op. Gurbe hing de gitaar en de microfoon voorlopig aan de wilgen.

 

Pas twaalf jaar later, in 1994, pakte hij de muziek weer op. Eerst met de vriendenband de Howdy Doody Boys, later omgedoopt in Bêdbuks, en uiteindelijk als solist, singer/songwriter, met steeds meer eigen en vooral ook Friestalig repertoire. Na een aantal jaren liedjes schrijven en oefenen stond hij in maart 1999 voor het eerst solo op het podium. Twee jaar later, in 2001, kwam zijn debuut-cd 'Dizze Stoarm' uit. De tweede, 'Myn Eigen Paad' verscheen in 23005 en vervolgens bracht hij 'Thús'(2010) en 'Op 'n paad' (2019) uit. Bij de 'discografie' zijn deze cd'e en de teksten van alle liedjes te vinden.

 

Van 2002 tot en met uiteindelijk 2017 speelde Gurbe Douwstra naast solo ook met Jaap Louwes, Doede Veeman en Piter Wilkens in de gelegenheidsband 'De Fjouwer Trûbadoers'. Deze (muziek)vrienden schreven samen steeds meer repertoire speciaal voor deze band en stonden daarmee overal in de provincie op de podia. Deze samenwerking leverde ook nog twee album-cd's op, D'r Tuskenút', uit 2004 en 'De âlde púndyk by del' uit 2007.

 

Gurbe Douwstra heeft ook enkele jaren een gelegenheidsduo gevormd met zangeres Gerbrich van Dekken uit Eastermar, tegenwoordig woonachtig in Leeuwarden. Vandaag de dag werkt hij, naast zijn solo-carrière, ook samen met de singer/songwriters Marcel Smit en Piter Wilkens. Gedrieën brengen zij al een aantal jaren een steeds wisselend liedjesprogramma onder de titel 'Frisicana', met een mix van eigen Friestalig repertoire en liedjes in het Engels van artiesten die hen geïnspireerd hebben.

 

In 2020 kwam Gurbe Douwstra voor het eerste met een avondvullend theater-liedjesprogramma. Met als titel 'TePlak' maakt hij een muzikale levensreis, op zoek naar hoe en wanneer je nu eigenlijk in dit leven 'teplak', op je plek bent. Met hulp van de vrienden/muzikanten Johanna van der Veen, Wander van Duin en Jan de Vries, die wel vaker aan zijn projecten meewerken, speelde hij dit programma in de theaters en zalen in Fryslân. Weliswaar met een gedwongen onderbreking vanwege de corona-pandemie, die in 2020 rondwaarde. Ondertussen is Gurbe Douwstra bezig met het schrijven van een nieuw theater-liedjesprogramma dat in 2022 in de theaters te zien zal zijn. Daarnaast wordt gewerkt aan opnames voor nieuw cd-materiaal.

Projekten

Njonken de solo-optredens hat Gurbe Douwstra troch de jierren hinne ek geregeld mei oare muzikanten meiwurke in somtiden ek langer rinnende projekten. Bygelyks de gelegenheidsgroep De Fjouwer Trûbadoers, it selskip Gurbe & Freonen, it Frisicana-projekt en it gelegenheidsduo mei Gerbrich van Dekken. It projekt mei lietsjes fan Leonard Cohen bleau beheind ta in CD/DVD en in tal teater-konserten. Mear ynformaasje oer dizze (eardere) projekten en it solo-projekt TePlak fine jo hjirûnder troch op de oanbelangjende foto te klikken.

Kontakt

Foar boekings, ynformaasje of oare fragen stjoer in mail troch op ûndersteade knop te drukken.
Mail:
gurbedouwstra@gmail.com   |   Tillefoan: 06 510 660 19