Der stean in pear moaie en bysûndere optredens foar de doar.
Op freed 6 juni is der in wol hiel bysûnder konsert yn Harich. Yn in grutte muzyktinte oan de Harichsterstikke stean der dan op in gegeven momint 150 muzikanten op it poadium. Under de titel ‘Proms of Harich’ (sjoch ek op dy namme op Facebook) wurdt dêr dan muzyk makke troch Melodia, Concordia, sjonggroep Majim en in gelegenheidskoar. As solisten dogge ik dus, mar ek Melissa Pander en Grytz & Grize mei. Dat wurdt grif in moaie jûn! It begjint om 20.30 oere.
En dan, noch wat fierder yn de tiid, sil ik op sneintemiddei spylje by de fiering fan it 175-jierrich bestean fan it gebou fan de Doopsgesinde Tsjerke yn Holwert. Ik ha der earder al efkes yn sjoen en tsjonge dat is in moaie tsjerke! It wurdt in feestelike middei en dêr mei ik ek twa sets spylje. No al nocht oan!. Dat set om 15.00 oere útein.