Teaterprogramma TePlak

'TePlak' is de titel fan it earste teater-lietsjesprogramma fan Gurbe Douwstra. In tige persoanlik programma wêryn de sjonger en lietskriuwer besiket in antwurd te jaan op de fraach wannear en wêr't je no eins oprjocht teplak binne en hoe't je dêr dan komme. Want wat wol dúdlik is, is dat teplak mear is as 'thús'. Je kinne je op in protte plakken 'thús' fiele mar úteindelik binne je eins allinnich mar teplak at je yn je libben de rêst en romte fûn ha yn je hert en holle.

 

Yn in rjocht-út-it-hert ferhaal, oanklaaid mei fleurige mar ek oangripende lietsjes jout Gurbe Douwstra in blik yn syn hert en holle. It is in muzikaal libbensferhaal wêryn't de hichtepunten en de deltes yn syn libben oan 'e oarder komme.

 

Yn 'TePlak' krijt Gurbe muzikale stipe fan Johanna van der Veen op banjo en mandoline, Wander van Duin op kontrabas en Jan de Vries op mandoline, akkordeon, mûlharp, dobro en gitaar. Ljocht- en lûdstechnyk wurdt fersoarge troch Remko Smids. De regie wie yn hânnen fan teatermakster Tet Rozendal, dy't ek tekstadfizen joech.

 

It programma gie yn jannewaris 2020 yn premjêre, mar de toer moast nei fiif foarstellings ûnderbrutsen wurde fanwege de Covid-19 pandemie. Yntusken is bekend wurden dat, at de omstannichheden it talitte, de noch restearende foarstellings yn de earste moannen fan 2022 foar it fuotljocht brocht wurde sille. De data binne te finen yn de aginda op dizze side.

'TePlak'is de titel van het eerste theater-liedjesprogramma van Gurbe Douwstra. Een puur persoonlijk programma waarin de singer/songwriter op zoek gaat naar een antwoord op de vraag wanneer en waar een mens oprecht 'teplak' is en vooral ook hoe je daarkomt. Want wat wel duidelijk is, 'teplak' houdt in het Fries heel wat meer in dan je ergens 'thuis voelen'. Dat 'thuis voelen' lukt waarschijnlijk wel op veel plaatsen, maar 'teplak' ben je uiteindelijk alleen maar als je in jouw leven de rust en ruimte hebt gevonden in jouw hart en hoofd.

 

In een recht-uit-het-hart verhaal met vrolijke maar ook serieuze en aangrijpende liedjes gunt Gurbe Douwstra het publiek een blik in zijn hart en hoofd. Het is een muzikaal levensverhaal waarin de ups en downs in zijn leven aan de orde komen.

 

In 'TePlak' krijgt Gurbe muzikale steun van Johanna van der Veen op banjo en mandoline, Wander van Duin op contrabas en Jan de Vries op mandoline, akkordeon, mondharmonica, dobro en gitaar. Licht- en geluidstechniek wordt verzorgd door Remko Smids. De regie was in handen van theatermaakster Tet Rozendal, die ook tekstadviezen gaf.

 

Het programma ging in januari 2020 in première, maar de toer moest na vijf voorstellingen onderbroken worden in verband met de uitbraak van de Covid-19 pandemie. Inmiddels is bekend geworden dat, ijs en weder dienende, de nog resterende voorstellingen in de eerste maanden van 2022 voor het voetlicht worden gebracht. De data zijn te vinden in de agenda op deze website.