De wekker wiist kertier oer fiven
En de nacht is hast te’n ein
De lekkens klam noch fan ús liven
Ik fiel it plak, hjir hastû lein
It wie in jûn om te ûnthâlden
Wy hawwe praat en sûpt, fan alles dien
En doe yn bêd net mear te hâlden
Oerenlang tegearre ien
Do hast tocht dat ik lei te sliepen
‘k Wie ek wol wurrich lang om let
Mar al diest’ de doar ek noch sa hoeden iepen
Ik ha dy wier wol heard
Do liest my fan dyn lippen priuwe
Ik mocht my lave oan dyn liif
En watstû ek seidest, ik woe ’t leauwe
God, wat wiest’ in prachtich wiif
Foar dy woe ‘k alle brêgen brâne
Nea wer werom, hieltyd foarút
Der midden yn, net oan ‘e râne
Folslein ferlern troch mar ien tút
Want ik wie op slach fereale
‘k Woe hiel myn libben troch mei dy
Mar ik ha ’t fernaam, foar dy wie ’t inkeld wille
En no bist’ hjir al wei
It hûs is leech ‘k fiel my ferlitten
Ik wit wol dat ik gjin rjochten hie
Mar werom liestû my net witte
Dat it mar boartsjen foar dy wei
En dochs wol ik dy ien ding sizze
Ik hoopje datst’ der acht op slachst
Do meist altyd by my lizze
Ek al is mar foar ien nacht
It like krekt as lei ‘k te sliepen
mar ik wie fan leafde blyn
de eagen ticht, myn hert stie foar dy iepen
mar do woest der net yn
De wekker wiist kertier oer fiven
Nee no gjin leafdeslietsjes, no even net
Lit my hjir mar rêstich sitte
It giet wol wer oer, want ik wit, ier as let
Sil ik har wol wer ferjitte
Mar ik ha op dit stuit wier gjin inkeld ferlet
Fan sa’n jankfodde oer in fanke
Kinst it leauwe as net, mar ‘k ha se allegear heard
En ik moat om de measten echt janke
Dus bêste kastlein, doch my no in lol
Salang as ik dy betelje
Pak de Tullamore Dew en jit myn glês nochris fol
Sadat ik de moarn wer helje
Nee, nee no eefkes net prate, sykje in oar
Want watst’ ek seist, ’t sil my net boeie
En as ik bin sa as no, fierhinne smoar
Soe ik dy mei myn wurden knoeie
Ast’ wurklik wat dwaan wolst, jou dan ien wei
En hâld dy fierder mar stil
En ast’ it graach wolst, dan kinst aanst mei my mei
Want dan wit ik, dat ‘k wol thús komme sil
Der wurdt sein ‘it is better, datst’ hiest en ferliest
Dan datst de leafde nea kind hast’
Mar hoe stopje ik dit gat, datstû achterliest’.?
En ik hear datst in oare fint hast
Nee, nee no even net krûpe, dat hoecht net foar my
Der sit noch tefolle pine
It is goed bedoeld, ja dat wit ik fan dy
Mar dizze triennen moatte earst ferdwine
Dus jou my wat romte, jou my wat tiid
En jou der mar ien oer de bar
‘t Is in goed medisyn tsjin myn fertriet
En do witst it, dêr kom ik hjir foar
Ha jimme ek wol dat gefoel fan ‘lit de boel no mar de boel,
lit it mar rinne’
Ik tink it wis en wrachtich wol, it libben is net altyd lol,
faak is it stinne
Nim dan de brut net al te swier en smyt gewoan wat bier yn hier
der komme kânsen elke dei wer opnij
Stap foar in jûne yn it feest, gedraach dy even as in beest
doch lykas ik en sjong mei my mei:
Ik wol hjir wei, ik wol hjir wei
net nije wike, oaremoarn of dizze dei
Ik wol beweging yn ‘e lea,
oars bliuw ‘k hjir hingjen oan myn dea
Ik wol hjir wei
Giet it op ’t wurk wer goed ferkeard en hastû ek sa’n baas fan neat,
lit him dan stikke
Gean oan ‘e slach by Kees of Klaas of wurdt byneed mar eigen baas,
kinst wat berikke
Wês foar de takomst dan net bang, it libben is in libben lang
der komme kânsen, elke dei wer opnij
Hast alles sels dochs yn ‘e hân, seit ek dy fint fan Ratelbân
doch lykas ik en sjong mei my mei:
Is de ferkearing wer wat slop, altyd mar pine yn ‘e kop,
lit har dan lizze
Der binne froulju by de fleet, sjoch om dy hinne, pak ien beet
nim gau in frisse’
Hast skjin dyn nocht fan dat geseur, brek fuortendaliks út ‘e sleur
Der komme kânsen, elke dei wer opnij
Wês foar de takomst nea net bang, it libben bliuwt in libben lang
doch lykas ik en sjong mei my mei:
’t Wie op in freedtejûn, yn in barstensfolle kroech
der stie wat folk te spyljen en ik, ik wie wat sloech
Doe seach ik dy dêr sitten op ‘e hoeke fan ‘e bar
Ik wie op slach wer wekker en fuort wat yn ‘e war
Want ik wit net as ’t it wiste mar do bist in prachtich wiif
Myn hert begjint te bûnzjen, jagest de húvers troch myn liif
Fan ’t hier oant oan ‘e teannen bin ‘k dweil troch wiet fan ’t swit
‘k Soe sizze ’t is in grypke as ik net better wist
Bliksem Beitske famke, wat dochstû my dochs oan
Ik wit dû kinst ’t net helpe, mar dit rint út ‘e hân
‘k Hie alles op in rygje en ik die gjin klap ferkeard
mar bliksem Beitske famke, ’t is krekt as ha ‘k neat leard
Dyn eagen bin as markes, sa skriuwt ús de poëet
Dêr’t ik wol yn fersûpe wol, myn lytse leave skeet
Dyn lippen read as beikes fan de alderswietste soart
En ik, ik bin sûkerbek en priuw se by it soad
Dus ik sil ’t noch mar ‘ris sizze, bist in frommis as gjin oar
En astû nei my lakest wurd ik sûnder drank ek smoar
De flinters yn ‘e mage en do spoekest yn myn kop
En ast’ foar altyd by my bliuwst bistû myn leave pop
Dus as in sike manljushin rin ik hjir troch de stêd
Der is mar ien ding dat ik wol en dat ’s mei dy op bêd
Achter dyn breiden broekje, jou ik my dan wol del
En astû my dan tútest krij ‘k einepikefel
Dus foar de alderlêste kear, do bist folslein unyk
En at ‘k mysels in hoanne neam, wês dû dan dochs myn pyk
Ik soargje foar dyn aaikes, do bist foar my it sâlt
En mei in hok fol neiteam, wurde wy tegearre âld
Sis ha ik jim eins wol ferteld, dat tryst ferhaal fan lytse Jelt
Hoe wakker sljocht at dy wol net fan dûnsjen wie
Har liif hie ritme fan komsa, har libben wie de cha-cha-cha
Ja dûnsjen wie it alderleafste dat sy die
Sy hat it ek op les besocht, har tango wie net om ‘e nocht
Al wie it finen fan in partner faak wat dreech
Ien tweintich lang en like breed, gjin earm dy paste om sa’n reet
Dus bleau it krukje njonken Jeltsje meastal leech
Mar no hat sy it fûn, want elke freedtejûn
Stapt Jeltsje op it fytske nei De Pein
En dêr dûnset sy as beste op muzyk út ’t Wylde Westen
Ja, sy it no hielendal gek fan country-line
It foel ynearsten noch net ta, dit wie gjin foxtrot, wals of sa
Nee, dit wie wurk dat kaam der echt noch wol op oan
De foet nei links en dan nei foaren, dêrnei it selde mei de oare
Jawis en wier dit frege om in grut ferstân
Mar ’t famke wie noait mear allinnich, fjirtich cowboys om har hinne
En allegear, fan grut oant lyts, yn fol ornaat
Dus Jeltsje moast der ek oan leauwe, koe fansels net achterbliuwe
En doe earst mar om in hynder op ’n paad
En no hat sy it fûn, want elke freedtejûn
Rydt Jeltsje op har hynder nei De Pein
En dêr dûnset sy as beste op muzyk út ’t Wylde Westen
Ja, sy is no hielendal gek fan country-line
It grutste part fan Jeltsjes lean gie op oan djoere cowboyklean
In riem, in holster mei pistoal, in Stetson-hoed
In learen broek en learen learzens, in swarte bloes, sa’n hiele kreazen
En ek noch echte sulveren spoaren oan ‘e foet
Mar ’t duorre amper fjouwer wike, doe die it har al bliken
As der in pearkes dûnse waard dan bleau sy oer
Want Sjon die woe it leafst mei Seije en Clint dy keas hieltyd foar Keij
Jim ha wol troch dêrfan wie Jeltsje raar oerstjoer
En al liket it wat krûm, sa gie ’t elke freedtejûn
Dêr yn dat sealtsje by de tsjerke fan De Pein
Want cowboys lykje stoere minsken, mar sy hawwe ek har winsken
Fral as’t giet om dûnsjen yn in country-line
Doe op in nacht, ’t wie yn de winter, trape ’t hynder yn in splinter
Sloech op ‘e rin en smiet ús Jeltsje fan ‘e rêch
Har lêste freon liet har ek stikke, spatte wrinzgjend oer de hikke
Syn lange sturt wie ’t alderlêste dat sy seach
Dit waard Jeltsje slim tefolle, sy lei de lasso om de holle
En socht in beam, de alderheechste dy’t der stie
Sprong manmoedich fan ‘e hikke, gûlde smoarend ‘potferdikke’
Har waarme triennen dripten yn de kâlde snie
En doe waard Jeltsje fûn, let op dy freedtejûn
Earne healwei Drachten en De Pein
Op in briefke hie sy skreaun, ik kin net libje sûnder freon
Dus hjir hingje ik no oan myn country-line
k Bin yn de fjirtich en dat ’s der krekt wat tusken yn
‘k Doch krekt as dat ‘k jong bin, mar dat ’s mar skyn
Want yn it fjild mei al myn maten
Haw’ ik amper lucht mear om te praten
En nei ôfrin fiel ‘k my krekt in Krystk(e)nyn
Ik spylje fuotbal by de fiifentritich plus
En ik kin wol sizze, dat ’s ferdomd in hiele klus
Elke saterdei op ’n paad
Rin ik my ’t swit wer yn ‘e naad
En flokke en skelle kinne wy allegear wol dus
Hé grutte kloat, set no dochs foar
Of kinst de goal net fine, wiest justerjûn wer smoar
Do dikke dweil, lis breed dy bal
Fiifentritich plus, o wat in lol
De direkteur, de sjoernalist, de stukadoor
De iene op kiep, de oare back en ik stean foar
Foar en neitiid nei de minsten,
Mar rûke wy gers dan wurde wy bisten
En giet it mis ropt hiel it alvetal yn koar
‘k Sil jimme wol sizze, ’t komt der echt noch wol op oan
want wy ha de jierren wol, mar amper it ferstân
brûze en brâne as in gek,
in skop yn ’t krús, in grauwe sek
en ek psychysk wurde wy net bepaald bedoarn
En klinkt dan eindeliks it lêste fluitsinjaal
Binne alle alve as by toverslach normaal
En dan gau nei de kantine
Foar de echt sportbensine
Mar ek ’t bestellen giet wol yn ús eigen taal
Hé grutte kloat, wêr bliuwt ús bier
Of kinst de pomp net fine, hast de eagen achter it hier
Doch fuort in krat of in amer fol
Fiifentritich plus, o wat in lol (3x)
Sjoukje oh Sjoukje, Sjoukje wat in liif
Hie ik har net fermoarde dan wie sy no myn wiif
Mar Sjoukje is dea, noch in kear, Sjoukje is dea
’t Wie yn De Kompenije, dat ik Sjoukje fûn
It leafste hie sy my doe fuort mar oan it bêd fêstbûn
Mar Sjoukje is dea, noch in kear, Sjoukje is dea
Mei sokke moaie froulju is altyd wol wat mis
De ien dy bliuwt dy net fan ’t liif, de oare is net al te fris
En Sjoukje is dea, noch in kear, Sjoukje is dea
En Sjouk dat wie in kweaden, in Kenau fan in wiif
As ik ‘ris wat ferkeard die, no dan flokte sy my stiif
Sjoukje is dea, noch in kear, Sjoukje is dea
Dus pakte ik de herder, stuts har yn ‘e rêch
Want ik wie wol sa benaud foar Sjouk, ‘k woe net dat sy my seach
Sjoukje is dea, noch in kear, Sjoukje is dea
Plysjeman o plysje, ik krij it hin en wer
Want hieltyd as ‘k myn eagen slút, dan stiet myn Sjoukje dêr
En Sjoukje is dea, noch in kear, Sjoukje is dea
Dus, ha jimme ek sa’n frommis, wês gau út ‘e rie
Want ear ‘st it witst dan dochst mei har wat ik mei Sjoukje die
En Sjoukje is dea, noch in kear, Sjoukje is dea (2x)
Dû setst my altyd mei de kloaten foar it blok
Dat ik dat hieltyd mar wer pik is yn gelok
Hoe’t it ek komt, ’t is dyn beslút,
ik kin dan faak gjin kant mear út
Dû setst my altyd mei de kloaten foar it blok
Haw’ ik wat ôfpraat mei de maten yn ’t kafee
En freegje ik dy ‘fynstû it goed’, dan seistû ‘nee’
Do bliuwst mar thús, do grutte dweil
Oars bist it hiele wykein ûnder seil
En sneintemiddei komme ús heit en mem om tee
En haw’ ik kaartsjes foar ’t konsert fan Motörhead
Seistû ‘ferjit it mar, wy gean betiid op bêd’
Ik wit it wol, ’t is gjin klassyk en
Dû bist hast altyd út ‘e liken
Mar ik wol ek wol spierlike allinnich nei de stêd
En wol ik it wykein efkes fuort mei de freondin
Smytstû de kop fuort yn ‘e wyn, hast in min sin
Nee, do giest noait ‘ris mei oerstaach
Joust my direkt de folle laach
Is ’t dan in wûnder, dat ik sikkeneurich bin
En mei fakânsje wol ‘k leafst nei Valkenburch
Mar do seist fuort ‘as ik dêr oan tink, dan bin ‘k al wurch
Dus sûp ik sangria yn in bar,
Bin nei in wike brún as tar
En wol wol moardsje foar in mingel bearenburch
Ik bin in fuotten-fetisjist, it is mar datst’ it even wist
Ik bin folslein fikseard op fraaie frouljusfuotten
Sjoch ik dy teantsjes tear en tin, ha ik op slach in poer bêst sin
In frouljusfoet jaach my de kriebels troch it bloed
Ik wit net hoe’t ik der oan kom, de measten fine it mar stom
En gean foar blauwe eagen of foar reade lippen
Mar ek al ha se heechblond hier, it seit my neat nee stjerrendwier
In frouljusfoet, dêr kin foar my neat oars oan tippe.
In frouljus foarkant is my woarst, ‘k lei oant myn achtste oan it boarst
Dêr ha ‘k my lang genôch as jonkje oan fergappe
In frouljus kont docht my gjin reet, al is er oardel meter breed
‘k Gean foar de fuotten, dar jimme dat no wier net snappe
Al binn’ ek alle neils fan kalk, stjonkt hiel de skonk nei wite talk
Jimm’ wolle ’t net leauwe, mar it kin my echt neat skille
Op elke tean in ekstereach, it ylt in heale meter heech
It makket my neat út want elke foet jout wille
It bêste is, ’t klinkt wat healwiis, foar my de smaak fan teantsjetsiis
Ja dat is better as Rocquefort of Danish Blue
En seit sa’n famke dan tsjin my ‘hap dû it der mar tuskenwei’
Kin ‘k har wol tútsje en rop ik fuort fan ‘I love you’
Ik rin no by in psycholooch want minsken sizze dat ‘k net dooch
En ik ha frege ‘kinn’ jo my ek helpe?’
Se snapt presys wat ik bedoel, leit fuort de fuotten op ‘e stoel
En seit ‘yt lekker’ en ‘ik sil dyn honger stjelpe’
Wy Friezen spatte eins amper út ‘e bân
wy binn’ bekind as ’t folk fan ’tuike, tuike oan’
Us ‘ja’ is ‘ja’, ús ‘nee’ is ‘nee’, en at sy freeje ‘hoe ‘st mei dy’
dan ‘koe’t wol minder’ en dat ’s al better as gewoan
In Fries allinnich rekket nearne fan oerstjoer
ek al baarnt fan binnen noch sa’n hillich fjoer
mar binn’ wy mear as mei ús trijen, binn’ wy net mear stil te krijen
leit de massa-hystery fuort op ‘e loer
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm’ moatte stean
jimm’ moatte roppe, raz’ en balte
krekt as binn’ jim net al te al te
lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Nei twa kear nachtfroast wol de Hollanner der foar
hy ropt om ’t hurdst ‘de tocht der tochten, die gaat door’
Mar wy Friezen witte better, iis is samar ek wer wetter
En dus hâlde wy de kiezzen op elkoar
Mar hearre wy Henk Kroes dan sizzen: ‘it giet oan’
Mei op ‘e kop in ‘Unox-petsje’ en by elk beferzen sleatsje
stean de kampioenen fan it ûnferstân
En bliuwt it winters alle nachten boppe nul
dan gau nei Tsjalf op ’t Hearrenfean mei ’t hiele spul
Nei Tony, Ids en rappe Rintsje, oeh wat in kontsje hat dat fintsje
’t giet hjir om goud, nee dit is echt gjin flauwekul.
En al is ús pake fiifensântich jier
de holle read-wyt-blau, hy farvet sels it hier
en giet de ‘wave’ dan oer de banken, kin ús pake hast wol janke
Mar hy ‘waved’ mei al docht it sear, ja stjerrendwier
En yn dat stadion dat nei Abe is ferneamd
heart elke fuotbalgek dochs út syn dak te gean
mar ‘k hear amper minsken sjongen, se koenen wol lêst ha fan de longen
binn’ dit no werklik wol de fans fan ’t Hearrenfean
Earst as it goed giet, fielt de Fries him dan ferbûn
Klinkt yn De Kuip it Fryske folksliet sels yn ’t rûn
En al snapt gjin spiler wat wy roppe, wy sjonge troch, dan mar foar Foppe
wy hâlde fol al wurde wy noait ‘ris kampioen.
© Gurbe Douwstra, oktober 1998
Ik wie ‘ris oan it swalkjen troch it sintrum fan De Pein
It doarpke lei te sliepen, ‘k socht in skûlplak foar de rein
Ik hie in slok tefolle hân, mar ’t sin wie o sa goed
Dus ik song de moaiste ferskes, stapte krekt wat oer de foet
Ynienen wienen dêr de plysje, wol in man as fjouwer, fiif
En ik hearde in keardel roppen, ‘ja dy fint siet oan myn wiif’
Mar ik bin ’t fergetten, ‘k soe ’t net mear witte
Ik mis in stikje út ‘e film
Se smieten my yn ’t buske, mei in rotgong nei de stêd
Ik tocht ‘lit ek mar gewurde’, want eins woe ik wol op bêd
‘k Besocht noch al te sizzen, ‘hé witte jimme eins wol wa ’t ik bin?’
mar ien fan harren sei, ‘ach hâld dyn kop’ en joech my in tik op ’t kin
de bûsen moaten leech en ek de fiters út ‘e skuon
se hawwe it my ek wol ferteld, mar ik wit net mear werom
want ik bin ’t fergetten, ‘k soe ’t net mear witte
ik mis in stikje út ‘e film
Wy kamen op ’t buro, it wie wol hast in oere as ien
Mar nimmen dy’t wat sizze woe, inkeld út en troch in snau
En hieltyd heard’ ik wer dy fint: ‘wat moastû mei myn frou?’
En al wie ‘k as in Maleier, ik haw’ ‘m tink wol sjoen
Mar astû my no fregest, ‘wat foar kleur hie syn boesgroen?’
Dan bin ‘k ’t fergetten, ‘k soe ’t net mear witte
Ik mis in stikje út ‘e film
Yn dat lytse hokje wâlde ik doelleas op en del
Skopte mei myn djoere learzens tsjin de traaljes fan myn sel
Ik brulde dat ‘k der út woe, mar gjin plysjeman joech lûd
Dus ik hold mar op mei skoppen, want myn poat siet ûnder ’t bloed
Ynienen wie dy keardel dêr, samar stie der njonken my
En ik wol jimme wol fertelle wat hy doe tsjin my sei
Mar ik bin ’t fergetten, ‘k soe ’t net mear witte
Ik mis in stikje út ‘e film, ja ‘k mis in stikje út ‘e film
It like eartiids krekt in mearke út sa’n tsjok ferhaleboek
Wy wienen it ideale pearke yn ús wrâldsje sa temûk
Wat wisten wy no fan it libben mar wol o sa eigenwiis
Ja, wy wienen der wakker wis fan, dizze leafde wurdt nea griis
Tegearre gauris mei fakânsje nei Paris en Grikenlân
En al krigen wy gjin garânsje wy wisten ‘dit hâldt ivich stân’
Wy sieten elke jûn te praten ik de whiskey dû de wyn
De symboalyk net yn ‘e gaten, ús swarte kat lei tusken ús yn
En dizze stoarm kinn’ wy net keare
Us woartels steane yn los sân
Kinn’ gjin twirre mear ferneare
Gjin hâldfêst, gjin fêst ferbân
Sa sûnder dat wy it fernamen dreaunen wy stadich út elkoar
Heltyd mear ús eigen paden, hieltyd minder troch ien doar
No krij ‘k fan ’t liegen dikke lippe as ‘k werris sis ‘ik hâld fan dy’
Myn wurden glêd as griene sjippe, dû leaust al lang net mear yn my
En lang om let wurde wy stiller, hawwe noait ris echt mear spul
Mar ek noait ris echt mear wille, sels net foar de flauwekul
Wy prate net mear oer fakânsjes, wolle beide net mear fuort
’t Giet oer de bern of oer finânsjes, de oare siden binn’ ferskuord
Wêrom binn’ de wûnders út ‘e wrâld?
wêrom binn’ de wûnders út ‘e wrâld?
Ik woe der noch graach ientsje sjen
in lytske mar, as ’t even kin
wêrom binn’ de wûnders út ‘e wrâld?
Ik wit it wol, hjir is net tsjin te striden
ik hâld ’t my sels ek kear op kear wer foar
Mar hoopje is dochs myn goed rjocht
al is it dan ek om ‘e nocht
Dit is foar mysels, net foar in oar
Ik wol sa graach noch even my dy prate
wat slop geouwehoer of in echt petear
Mar stadichoan wurdtstû sa stil
Net mear de krêft, mar wol de wil
As ik dy sa sjoch dan docht dat sear
Ik wol dy noch graach eefkes by my hâlde
Ach, wat seur ik no, ik wol dy noait wer kwyt
Dus ‘k wit net wêr’t ik wêze moat
mar wol dat der wat barre moat
want ik stean noch sa bot by dy yn ’t kryt