Frisicana III, the originals

Under de titel 'Frisicana' bringt Gurbe Douwstra, yn 'e mande mei kollega sjonger en lietskriuwers Marcel Smit en Piter Wilkens, al in oantal jierren dizze jûnfoljende lietsjesprogramma's. De titel is fansels in knypeach nei 'Americana', in brede muzikale streaming út Amearika wei mei foaral muzyk yn it singer/songwriter sjenre. De trije muzikanten skriuwe hjrifoar meiinoar nije lietsjes, meitsje in kar út harren eigen solo-repetoire en litte Ingelsktalige lietsjes hearre fan artysten dy't harren ynspirearre ha. Dat alles oanklaaid mei ferhaaltsjes en anekdoates oer hoe't sy ta harren muzykkar kaam binne.

 

'Frisicana' is yntusken oan it tredde programma ta dat as ûndertitel 'the originals' krigen hat. Dêryn bringe sy ûnder oaren orisjinele fersy's fan yn it Frysk en it Hollânsk oersette lieten. Lietsjes wêrfan't de meldij minsken somtiden grif bekend yn de earen klinke sil.

'Frisicana III, the originals' giet yn september 2021 yn premjère yn de Skâns op 'e Gordyk, hast in jier letter as dat de bedoeling wie, mar ek dat hat alles te krijen mei de corona-pandemie en de ynfloed dêrfan op it kulturele libben. Nei de premjère gean de trije manlju mei it programma op toernee troch Fryslân. De data binne te finen yn de aginda op dizze side.

Onder de titel 'Frisicana' brengt Gurbe Douwstra, samen met collega singer/songwriters Marcel Smit en Piter Wilkens, al een aantal jaren deze avondvullende liedjesprogramma's. De titel is natuurlijk een knipoog naar 'Americana', een brede muzikale stroming uit Amerika met vooral muziek in het singer/songwriter genre. De drie muzikanten schrijven hiervoor gezamenlijk nieuwe liedjes, maken een keuze uit hun eigen solo-repertoire en laten Engelstalige liedjes horen van artiesten die hen geïnspireerd hebben. Dit alles omlijst met verhalen en anedotes over hoe ze tot hun muziekkeuze gekomen zijn.

 

'Frisicana' is inmiddels toe aan het derde programma dat als ondertitel 'the originals' heeft gekregen. Daarin laten zij onder andere de originele versie's horen van liedjes die in het Fries en het Nederlands zijn vertaald. Liedjes waarvan de melodie het publiek af en toe bekend in de oren zal klinken.

'Frisicana III, the originals', gaat in september 2021 in première in de Skâns in Gorredijk, bijna een jaar later dan gepland, maar ook dat heeft alles te maken met de corona-pandemie en de invloed daarvan op het culturele leven. Na de première gaan de drie heren met het programma op toernee door Fryslân. De data zijn te vinden in de agenda op deze website.