Op ’n Paad

Útbrocht yn 2019​

Op ’n paad’ is de meast resinte CD; dy kaam yn 2019 út. Ien fan de bekendere lietsjes op dy cd is it nûmer ‘ As it myn tiid is’, dat de lêste jierren heech skoart yn de Fryske Top-100 fan Omrop Fryslân.

Hastû dyn twifels oer it bestean
Oer al wat leit tusken komm’ en gean
Wat is it plan, hoe rint it paad
Wêrom krijt ien de sinn’ en d’ oar it measte skaad

Fregest dy ôf, wat is myn lot
leaust yn dysels of yn in god
mar leau it meast yn dyn gefoel
En wit it libben sels jout elk syn libben doel

Dus as ’t myn tiid is, gûl net lang om my
Bin net fier fuort, ‘k bliuw altyd ticht by dy
‘k Sit yn dyn wêzen, ‘k sit yn dyn bloed … bist myn bloed
Ferjit dat nea, myn bern, dan komt grif alles goed

Ast’ my dan mist, my needich hast
sikest hâldfêst, ast net fierder doarst
Slút dan dyn eagen, wês eefkes stil
sjoch yn dyn hert en wit dat ik dêr wêze sil

Wês ek net tryst, ’t is sa’t it heart
dat al wa’t libbet ienris stjert
Leau my no mar, ik mien oprjocht
gjin inkeld libben, lang of koart, is om ‘e nocht

© Gurbe Douwstra, jannewaris/maart 2014

(Goodbye – Steve Earle)

‘k Wit noch dat ik dy net loslitte woe
Al dy nachten en dû mar wachtsje of ik komme soe
Al myn leugens meitsje ik nea wer goed
mar ik wit neat mear fan in lêste groet

Mar ik wit wol ús nachten tegearre yn Amsterdam
‘k leau net dat ‘k der ea wer kaam, sûnt dy tiid mei dy
Wie ik wêr ris spoarleas of troch de drank wer net goed
want ik wit neat mear fan in lêste groet

En ik mis dy, mar sa út en troch
as de waarmte, mmm de waarmt fan ‘t sinneljocht
Komt novimber,  dan ferlies ik de moed
en ik wit neat mear fan in lêste groet

Tink gau ris werom en praat graach oer eartiids
guon fine dat frjemd en sizze ‘do libbest hjoed’
Mar wa’t ik no bin, komt út dat ferline
it joech my myn hert, myn siel en myn moed

Ik ha gjin spyt, fan net ien dei fan myn libben
Ik die wat ik die, stean by nimmen yn ’t kryt
En moast alles oer, nee ik soe neat feroarje
Bliuw altyd mysels, soms dwers en rebelsk, mar noait ha ik spyt

Ik rûn myn paad net altyd yn ‘e lijte
Hie faak genôch de wyn rjocht yn ‘e snút
Mar hoe swier ek de stoarm, it hat my net brutsen
Gjin delling sa djip, of ik kaam der wer út.

Faaks leit it lok net foar it gripen
Dochs is it meast net sa fier by my wei
Mar ik sykje ‘t net, yn jild of yn oansjen
It sit yn myn bern, yn myn freonen en yn my

Hjir stean ik op ‘e romte, bin suver wat oerstjoer
Want ik ha der gjin idee fan wêr’t ik bin
Ik wit ek net wêr’t ik wei kom of wêr’t ik hinne soe
en ik sjoch gjin minsk oan wa’t ik it freegje kin

Myn akku is skjin leech, mar ek myn eigen batterij
en ik mar prakkesearje, ‘man hoe kom ik hjir wer wei’
Soks bart my no geregeld, foaral de lêste tiid
dan bin ik sels fergetten wa’t ik bin

Ik doch de eagen iepen en lis samar yn in bêd
sa te rûken bin ik yn it sikenhûs
mar hoe’t ik hjir teloane kom, ik wit it werklik net
bin earlik sein, noch aardich yn ‘e sûs

Mar sjoch, dêr is de suster, no komt grif alles klear
sy sjocht my wat begrutsjend oan en seit dan lûd ‘menear,
wy moatte jo gegevens ha, jo namme, pas en pin’,
mar ik bin glêd fergetten wa’t ik bin

Dan sit ik yn in keamer, myn briltsje by de hân
noch altyd gjin idee fan wa’t ik bin
Achter in tafel fol mei boeken fan minsken mei ferstân
wa wit dat ien fan har my helpe kin

Dus lês ik Aristoteles en Socrates en Kant
ferdjipje my yn Siegmund Freud en Friedrich Nietzsche, want
dû bist aardich op ‘e doele, rinst bot yn ‘e mist
astû sels fergetten bist, wa’st bist

Mar dan stean ik by de bakker of rin ik oer de dyk
hast altyd is der wol ien dy’t tsjin my seit:
‘sis bistû net dy Gurbe, dy soan fan Douwe en Riek,
god jonge, wat likest dû bot op dyn heit’.

Dan sjoch ik him feromme oan en alles falt te plak
Ik rin ek wer de winkel yn en keapje fuort gebak
want it is reden foar in feestje, ast dat mar net ferjitst
salang at men noch wit fan wa ‘st ien bist

Doe’t ik noch in lyts mantsje wie net folle doel fan ’t libben hie
heard’ ik graach nei pake syn ferhaal
Hy wie al aardich âld en griis en neffens my ek wakker wiis
mar beppe fûn har man frijwat banaal
Want pake hie faak ôfwaaid praat dan gie it wer oer syn prostaat
ik hie gjin flau benul wat dat krekt wie
Mar ik lei altyd yn in deuk en lake my in dûb’le breuk
at pake dan wer dit ferhaaltsje die:

Eartiids strûsd’ ik rynsk en rij
it kalk tusken de tegels wei
as ik stie te pisjen gie it rûch
mar ach dy tiden binn’ foarby
it is no meast in lijenswei
’k hâld hjoed de dei myn klompen amper droech

Doe’t ik krekt wat âlder wie al nei de grutte skoalle gie
wienen pake’ n beppe al by ús wei
Mar syn ferhaal dat bleau my by it kaam ek krekt wat tichterby
want no wie it it kwaaltsje fan ús heit
En dy wie altyd boppe baas mei anekdoates oer de blaas
hy koe fansels ek mear as pake koe
al hie ús mem der neat mei op ik seach dat glimpke om syn kop
en dan wist ik wol wat der komme soe

Ik spuite as in brandweerman
it urinoir hast fan de wand
nei trije, fjouwer bierkes moast ik, stipt
hoech no net faak mear fan de kruk
want ik ha amper wetterdruk
it is no krekt in kraantsje dat wat dript

No’t ik sels wat op leeftiid kom tink ik noch gauris wer werom
oan de krupsjes fan ús pak’ en heit
’t Is blykber in famyljekwaal dat tinner wurden fan de straal
Grif dat ek myn soan der lest fan krijt
Ik ha al by de dokter west sa’n ûndersyk , dat is net bêst
guon manlju witte wol wat ik bedoel
Dus ik sis neat en hâld my stil it komt mar sa’t it komme sil
Soargen oer de takomst ha gjin doel

Mar it gie by my ek altyd mâl
‘k wie krekt in bolle yn ‘e stâl
twa kear deis in amer blier en gol
No moat’k der nachts wol fiif kear út
en mei de sliep noch yn ‘e snút
krij ik no krekt in romergleske fol

Hjir stean ik op ‘e Bühne, lampen skine op myn hûd               
k’ ha dit fansels wol faker dien, ’t fielt noch altyd like goed
Salang ’t de skonken my noch hâlde stap ik op it toaniel
Want al wurd ik dan wat âlder, bin sa jong as ik my fiel

Ik jou it ta, soms is dat tachtich, foaral as ‘k  moarns it bêd út krûp
dan is de dei my al te machtich, noch foardat ‘k yn myn klompen strûp
Mar al bin’k noch sa krebintich, kom ik amper noch oerein
inkeld as ik sjong’ en spylje kin, bin ik foar even wer jongfeint

Ik bin oer de helte, it grutste part ha’k hân
Net mear sa linich oer de hikke, oars noch aardich by ’t ferstân
En as no de lêste ein, mar heal sa moai is as ’t begjin
Dan wol ik dit libben libje, salang en goed as it mar kin

Men mei fan my yn alles leauwe, yn goaden, goeroe’s of in pil
mar ik leau dat wy hjir net bliuwe en dat de ein ea komme sil
dêr hoech ik net oer nei te tinken, wannear dat wêze sil, wist nea
En fan ien ding bin ik wol hiel wis, salang as ‘k libje bin ‘k net dea

Ik ha fansels myn idealen, dat wa’k miskien noch wolle soe
Oer de Sjineeske Muorre dwale, de Machu Pichu yn Peru
Mar oer sa’n listje fol mei winsken, meitsj’ ik my net al te drok
safier hoech ik wier te reizgjen, foar de leafde en it lok

(orisjineel: As ge ooit – J.W. Roy en Gerard van Maasakkers)

De radio draait ‘Wooden Heart’
En ek dat lietsje hâld’k apart
foar ea, dû wist mar nea

Myn whiskeyglês is healfol
ea hâld ik op, hielendal
ja ea, astû ea

Astû ea nochris weromkomst
Astû  ea, in hert fol spyt
Astû ea by my weromkomst
Moast wol witte, my rekkest nea wer kwyt

Ik lit de doarren fan it slot
yn de stille hope dat …
ja ea, dastû ea

dan wurd ik stil, jou gjin lûd
want ik wol inkeld hûd op hûd
Ea, astû ea

Se sett’ ús greiden ûnder wetter, bouwe wenten yn ‘e mar
tinke inkeld mar oan letter, yn ’t ferline leit gjin kar
Us lân wurdt oerdien oan toeristen, d’yndustry, it grutte jild
mar hjir weidzje wy ús bisten, fleane fûgels oer it fjild

Foar in nutteleas stikje asfalt moasten hiele bosken om
se kinn’ wol sizze dat it tafalt, mar wat ferdwynt komt net werom
En al rydt der aanst gjin minsk mear oer dat djoere stikje dyk
de polityk komt nea ta ynkear, wa’t de macht hat hat gelyk

Fryslân stjonkt, Fryslân stjonkt, mar amper mear nei kij
De rook fan dampend fee, de earste sneed, dat alles is foarby
Fryslân stjonkt, Fryslân stjonkt, en wat ik rûk is mis
It draait inkeld mar om ego’s, net om dat wat wichtich is

En al kostet it miljoenen, se dolden wer de Drachtster Feart
al dy miljonêrs-galjoenen yn in dearinnende sleat
gie ek hjir wer om prestiizje, want sis my, wat is it doel
It sil ‘m sels aanst wol bewiizje, dit rûkt mear as in rioel

Der is gjin romte mear foar romte
foar smûk en skaadzjend beamtegrien
wy moatte jachtsje, jeije, jage
yn in wrâld fan tarr’ en stien

En dy kastielen foar de riken, ja je sjogg’ se withoefaak
in protte jild, sa docht wol bliken, seit noch neat oer goeie smaak
Mar sy kenn’ wat ‘wite boarden’ op in plak dat der ta docht
En sa krij’ se har akkoard en elk protest is om ‘e nocht

Wolst yn Drachten nei ’t teater, sitstû op in ‘gouden stoel’
want nei de ien nei d’oare flater waard de bou in djoere boel
en de hoantsjes hottefilen oer de fraach ‘wa hie gelyk’
en fansels leit dan de rekken altyd wer by it publyk

(orisjineel: ‘Lakes of Pontchartrain – trad.)

It wie in waarme simmermoarn, doe’t ik it doarp ferliet
Ik hie der neat mear te sykjen, myn hert swier fan fertriet
Ik gie op ’n paad nei de Wâlden, wa wit joech it lot my in kar
En wachte treast en leafde my, dêr by de Burgumermar

Ik hie de hiele dei al rûn, gjin jild foar de bus of de trein
Myn skuon fierhinne fersliten, myn skonken hast skjin oanein
En nimmen bea my in plak foar de nacht, mar doe, doe seach ik har
En ik waard ek fuort fereale op dy faam by de Burgumermar

Ik sei: ‘myn leafste leave faam, dû bist grif oars as in oar
It tilt hjir op fan de miggen, oars sliepte ik wol bûtendoar’
Sy sei: ‘jo moatt’ net sa mâl dwaan, ús hûs stelt net folle foar
Mar salang ’t jo wolle, ha jo plak by ús oan ‘e Burgumermar’.

Sy naam my mei .. nei har klint’ en joech my al wat ik woe
In wylde nacht yn har bedstee, dy’t my-altyd bybliuwe soe
En moast ik har skientme beskriuwe, dan fûn ik dêr gjin wurden foar
Sa moai, sa leaf, sa waarm wie sy, dy faam fan de Burgumermar

De oare deis freg’ ik har hân, sy glimke en sei planút: ‘nee,
Myn hert is fersein oan in oaren, al is hy dan fier fuort op see
Mar at hy aansen weromkomt, al stjonkt er nei fisk en nei tar
Dan trouwe wy, as de sinne skynt, hjir oer de Burgumermar’

It giet dy goed myn moaie frou, ik sil dy grif nea wer sjen
Mar wês der wol fan oertsjûge, dat ik dy net ferjitte kin
En bin ik by frjemden of freonen, dan nim ik in glês fan ‘e bar
En bring in toast op dy, myn leaf, myn faam fan ‘e Burgumermar

© Gurbe Douwstra, juni 2011

’t Is freedtejûn, it wurk is dien, it wykein foar de doar
Lit alle soargen achter my, de drokte (trubbels) oan in oar
Ik ryd noch efkes nei de pomp en smyt de diesel fol
En as ik dan op hûs oangean, wit ik wol wat ik wol
Ja, as ik dan op hûs oangean, wit ik wol wat ik wol

Al leit de snie in meter heech, stean de blommen op it rút
‘k Doch de winterbânnen om de bus, it makket my net út
Der is neat dat my noch keare kin, ik set altyd troch
Dit is fan alles yn ‘e wrâld wat ik it leafste doch (2x)

Op ’n paa-aad, de gitaren yn ‘e koffer
Op ’n paa-aad, mei de holle fol muzyk
Op ’n paa-aad makket my net út werhinne
Ik ryd om my nei Futsjefinne
Want as ik mar spylje kin, fiel ik my ryk

Al is myn leaf ek noch sa leaf, ik moat der dochs op út
mar ear’t dat ik de doar út gean jou ik har noch in tút
sy wit ek wol, ik kom wer thús al praat ik noch sa stoer
(mar) it spyljen sit my yn it bloed en dat giet nea wer oer (2x)

En ear’st it yn ‘e gaten hast,
dan is de jûn foarby
en ryd ik núnderjend troch de nacht
it paad werom nei dy

© Gurbe Douwstra, septimber 2015