De Fjouwer Fryske trûbadoers

Frysk

Fan 2002 oant en mei rûchwei 2017 hat Gurbe Douwstra ek geregeld op ’n paad west mei it selskip ‘De Fjouwer Trûbadoers’. In gelegenheidsband dy’t bestie út de Fryske sjonger en lietskriuwers Doede Veeman, Jaap Louwes, Piter Wilkens en Gurbe Douwstra. Hast alle jierren waard in nij programma betocht werfoar at de manlju meiinoar en ôfsûnderlik nije lietsjes skreaunen en dan op toernee gienen yn de Fryske teaters en sealen. Yn earste yntânsje wie it it doel om der nei fiif jier mei op te hâlden en yn 2007 kaam der dan ek in ôfskiedstoernee. De Fjouwer Trûbadoers hawwe dat tiidrek ôfsletten mei de CD ‘De âlde púndyk by del’, wylst earder al it album ‘Der Tuskenút’ útkaam wie. Lykwols in pear jier letter begûn it dochs wer te jokjen by de fjouwer manlju, ek nei in protte fraach fan fans en leafhawwers. En dus hawwe de manlju fan 2009 ôf noch in stikmannich kearen op toernee west, lykwols yn in wat legere frekwinsje as earder. Uteindelijk kaam der yn 2017 in ein oan dizze suksesfolle gearwurking.

Nederlands

Van 2002 tot en met uiteindelijk 2017 is Gurbe Douwstra ook vaak op pad geweest met de groep De Fjouwer Trûbadoers. Een gelegenheidsband die bestond uit de singer/songwriters Doede Veeman, Jaap Louwes, Piter Wilkens en Gurbe Douwstra. Vrijwel ieder jaar werd een nieuw programma bedacht waarvoor de heren gezamenlijk en afzonderlijk nieuwe liedjes schreven en daarmee op toernee gingen in de Friese theaters en zalen. In eerste instantie was het de bedoeling om er na vijf jaar een punt achter te zetten en in 2007 kwam er dan ook een afscheidstoernee. De Fjouwer Trûbadoers hebben die periode afgesloten met de album-CD ‘De âlde púndyk by del’, en eerder verscheen al het gezamenlijke album ‘Der Tuskenút’. Evenwel, een paar jaar later begon het toch weer te kriebelen bij de vier heren, ook na veel vragen vanuit de fans en liefhebbers. En dus zijn de vier muzikanten vanaf 2009 nog een aantal keren op toernee geweest, evenwel in een wat lagere frequentie als voorheen. Uiteindelijk kwam er in 2017 een einde aan deze succesvolle samenwerking.