Ik wit wol hûndert-en-ien dingen om te dwaan jûn
willewurk mei ’t wykein foar de doar
Der driuwt ús neat en wy binne oan gjin minsk bûn
En ha dus alle tiid foar elkoar
Wy kinne sa nei in terraske oan it wetter
Dû seist it mar, dan ryd ik de auto foar
Mar wurd’ wy dan net sljocht fan dat gesnetter
Fan al dy guozz’ en einen by elkoar?
Dus wêrom dy drokt’ en al dat geheister
‘k Sil dy wol sizze, dû krijst mei net mei
Der is jûn mar ien ding dat ik graach dwaan wol
’t Leafste krûp ik op de bank mei dy
Ast’ it wolst, der giet in lette boat nei ’t eilân
Dan rinn’ wy aanst oer ’t strân yn ’t moanneljocht
Mar stel, wy ha de tiid der net goed by hân
Dan wurd’ ús sokken dweil fan ’t sâlte focht
En der giet ek noch in nachtflucht nei Ierlân
Dan hearre wy moarn ‘live’ ús dreammuzyk
Mar is de jûn dan oer, ha’k faaks tefolle bier hân
En ryd ik oan de oare kant de dyk
© Gurbe Douwstra, septimber/oktober 2002
Ik hie fan fetsucht noait gjin lêst, al smakke ‘t iten noch sa bêst`
Ik paste eartiids altyd yn de krapste broeken`~
Ik siet sa superstrak yn ‘t fel en seach op alle dikkerds dêl
En hoegde my, fan wat ik iet, neat oan te lûken
Mar stadichoan, ear’st it fernimst, groeist’ út it ien nei ‘t oare himd
En wol de broeksriem net mear op it lêste gat
Dû krijst de knopen net mear ticht, de lytse man is út it sicht
En sels de joggingbroek dy skuort dy dan kapot
Ik moat dy kilo’s kwyt, ik moat dy kilo’s kwyt
Want as’k dat no net doch dan krij ik letter spyt
Ik moat dy kilo’s kwyt, ik moat dy kilo’s kwyt
Oars dan lis ik aansen mei de noas omheech
De froulju seagen my net mear stean al gie ek sjongend út de klean
Se keazen leaver foar in maatsje twa-en-tritich
En ek al rôp ik dan wat fel: ‘t is net de bûtenkant, dy’t telt’
Se woenen net harkje, is dat no net spitich
Ynienen wie’k ek net mear fit, fuort wie de passy en de pit
En sels de bêdbuks hie’k amper noch yn ’t spier
Dû tocht ik al ‘dit is net bêst’, ‘k ha fuort mar by de dokter west
De diagnose wie wol fyftich pûn te swier
Dus earst mar oan de ôfslankpil, want de winsk is grutter as de wil
Mar dêrfan sloech my ‘t hert fuort as in lammesturtsje
Dêrnei in djoere super-shake, ‘loose 30 kilo in een week’,
Mar ik waard al mislik fan it alderlytste flutsje
In sherry-kuur, in strang dieet, sa’n triljend riemke om ‘e reet
‘k kocht sels it alderdjoerste fitness-apparaat
Ik switt’ en sporte my hast dea mar hold dyselde grouwe lea
En Wieger Fetbek wie myn bêste kammeraat
Uteindelik wie’k myn rie folslein ta’n ein
Wat ik ek die it holp my allegear neat
‘k Ha doe mysels ris goed de wacht oansein
en moast doe wol mei beide billen bleat
Bin op in ôfslankklupke gien en hie’k dat no mar earder dien
Want nei de earste jûn fiel ik my fuort al better
Ik mei wer al it iten ha, krij sels in borrel der op ta
Dat smakket hiel wat oars as al dat lije wetter
Want ik bin de ienige fan de klup, sûnder jurk en DD-cup
Troch tritich dikke froulju yn de watten lein
En ‘k bin de smelste fan it stel en dus by elkenien yn tel
Dus wat bekroadzje ik my no noch om myn lijn
Wêrom dy kilo’s kwyt, wêrom dy kilo’s kwyt
Ik bliuw mar moai sa’k bin dan krij ik grif gjin spyt
Wêrom dy kilo’s kwyt, wêrom dy kilo’s kwyt
It libben falt my no allang net mear sa dreech
© Gurbe Douwstra, maart 200
Wa’t my wat kent, neamt my al gau in dreamer
Jimm’ ha gelyk, ik jow it planút ta
Mar sis no sels, wa soe gjin dreamer wurde
Ast’ werst’ fan haldst net hiel ticht by dy hast
Soks bart my faak op reis nei fiere lânnen
Foarby de kime, yn in frjemde wrâld
Dan fiel ik my by tiden hast ferbanne
Lit sels de moaiste stêd my wakker kâld
Want yn myn dream kin ’k reizgje sûnder grinzen
Hy bringt dy thús út lânnen withoefier
De eagen ticht, allinnich mei myn tinzen
En yn myn dream wurd’ alle dreamen wier
Dan swalkj’ ik wer troch de bosk as oer de heide
Fiel ik de rêst, dy’t ik nearne oars wer fyn
It himelsk lûd fan ljippen oer de greiden
It wetter weagjend yn de wylde wyn
Dan falt de jûn en twirret troch de rúten
It ljocht en lûd, de lokrop fan de stêd
‘k Ha amper each en ear foar al dat lonket
want wat ik mis, fiel ik djip yn myn hert
De dream is oer, mar ‘k sil ‘m nea ferjitte
Wêr’t ik ek bin, ‘k fiel altyd dochs dy bân
Slút ik my ôf, komt my de rook temjitte
En bin’k wer thús, thús yn my heitelân
© Gurbe Douwstra, novimber 2004
‘t Wie in mearke gelyk, in ferhaal út in film
Hy stoer en lûd, sy leaf en stil
Mar wol o sa fereale, de ien op de oar
En wêr’t sy ek wienen inkeld each foar elkoar
‘k Nim dy mei, ‘k nim dy mei, sa sei hy tsjin har
nei dat lân fan myn dreamen, ik lit dy gjin kar
en ek dû wurdst betsjoene, foardatst it witst
astû stiest op de high Cliffs of Moher yn ‘e mist
Yn dat lân dêr’t in liet klinkt út elk hûs en kroech
Wêrfan sjongers en dichters ferhelje
Dêr’t it libben faak kalm is, de see altyd rûch
Dêrstû thús bist, al komst ek fan fier
Harren takomst wie makke, sy hienen plannen by ’t soad
Mei him wol ik libje, mei har wurd ik âld
En op Saint Patricksdei hat in âlde pastoar
Har trouwd yn ‘e rein, dêr by de high Cliff of Moher
‘t wie in dizige dei, hiel ier yn ‘e moarn
doe’t hy sei tsjin syn leafste, kom jou my dyn hân
want der is wier neat moaiers, dû leauwst my grif
astû aanst mei my giest oan de foet fan de klif
Op dat paad smel en glisterich, mei de see sa tichtby
Fûn syn foet gjin hâldfêst en in weach naam him mei
Yn dat iiskâlde wetter wie’t dat er stoar
Foar it each fan syn faam, dêr by de high Cliffs of Moher
© Gurbe Douwstra, septimber 2001
De lette simmersinne set hiel de loft yn brân,
myn hert begjint te jeijen
Wêr moat ik hinne rinne, ik krij ’t net foar ’t ferstân,
Wol elkenien no mije.
De nachten kâld en tsjuster, de dagen lang en dreech
En faak noch stekt de pine
Us dreamenwrâld fan juster, no sa wrang en leech
Lit my no mar ferdwine
Mar ik hold fan dy, ik wie fan dy
Ik tocht foar hiel myn libben
‘k Woe mei dy mei, ‘k woe nea wer frij
Myn siel oant dyn besibbe
Dyn eagen spatte fjoer, dyn wurden binn’ as iis
Moa’k brâne of befrieze?
De leagen is no oer, nei jierren dochs noch wiis
‘k sil dy foargoed ferlieze
De lette simmersinne set hiel de loft yn brân,
myn hert begjint te jeijen
Wêr moat ik hinne rinne, ik krij ’t net foar ’t ferstân,
Wol elkenien no mije.
© Gurbe Douwstra, septimber 2000
Dêr stiest’ ynienen foar my, de eagen bliedzjend read
‘k Wie dy al hast fergetten, en dû, dû seidest neat
Ja inkeld, ‘moatst my helpe, allinnich rêd ik it net
Hy hat my sitte litte en ik ha sa’n ferlet’
En ik sa goed as bôle, naam dy stiif tsjin my oan
Net goed mear by de holle, wat wie’k in ûnferstân
Ik mocht dyn boei wol wêze, mar net dyn rêddingboat
Woest’ inkeld efkes driuwe en ik frege net sa’n soad
Dû moast dysels mar rêde, dû moatst it no sels dwaan
‘k Wol neat mear foar dy wêze, ‘k ha dy neat mear te jaan
Ik hie dy alles jaan wold, watst’ ek mar frege hiest
Om mar by dy te wêzen, seachst’ net watst’ foar my wiest?
Dû woest der neat fan witte, en no lit ik dy stean
‘k Wol dy wer gau ferjitte, myn eigen paad wer gean.
© Gurbe Douwstra, oktober/novimber 2003
Dû sjochst op de kalinder, it jier rint nei de ein
Ik sjoch dy oan, wit wat der komt, hast’ dit wol faker sein
‘Ik wur’ no in âld wyfke, myn jeugd dy is foarby’
‘Dat hoopj’ ik al’, sa sis ik dan, ‘en wurdt mar âld mei my’
Dû klagest foar de spegel: ‘alwer in tearke mear’
Hjir helpt gjin leave sântjin oan, ik sis it kear op kear.
Dus de poeiers, pillen, salfkes kinn’ yn de kliko-bak
In hoekje plakbân achter ’t ear lûkt dy de hûd wol strak
Al rinst’ aanst bryk yn dyn rollater, moatst’ steune op in stok
Hast’ gjin toks mear yn ‘e snater en mear ploaien as in rok
Dû bliuwst my altyd likeleaf en dus krijstû dit fan my
Ik sis ’t miskien net faak genôch, mar ik bin gek op dy
En fynstû yn dyn bosk mei hier sa’n moaie silveren tried
Dan moatst fuort nei de kapper ta, oars witst’ dysels gjin ried
Mar oft dyn hier no griis is of donkerpears of blau
Dû bliuwst foar ivich en altyd myn aldermoaiste frou
Hastû lêst fan Parkinson, fan Korsakov of mear
nimst’, omdatst’ my hearre wolst, sa’n dingkje yn it ear
bist bliner as in moltsje of wurdt wêr krêkt in bern
salang ast’ beide lippen hast, kinstû my altyd ‘sjen’
En moarns stiest’ op de weagerij, it leafst yn ’t bleate fel
want yn de striid tsjin ’t oergewicht telt sels de sjarretel
Mar in pûntsje of in kilo mear, ’t is my wol goed nei ’t sin
omdat der dan mear frommis is dêr’t ik fan hâlde kin
© Gurbe Douwstra, septimber 2002
Ik wie in man sûnder ambysje, sûnder doel en sûnder fysje
Gjin ferlet fan datsoart saken en sa mear
Ik wie ek net foarút te brânen, der kaam my amper wat út hannen
En by it tinken die my sels de kop al sear
Mar ‘k ho brutsen mei tradysje, woe oan ’t wurk by de plysje
Se seinen dêr: ‘jo moatt’ earst mar yn ‘e lear
Én ek al fang ik dan gjin boeven, ‘k bin no hielendal út ‘e skroeven
‘k Ha in baantsje by de Tsjinst Parkearbehear
En elke moarn pak ik myn pinne en myn boekje
En stean dan stiekum om it ien of ’t oare hoekje
Parkeart der ientsje dan fergees, dan rop ik ‘ha do bist foar Kees
Nee gjin pardon, do krijst fan my in fette bon.
Ik bin no altyd op ’n paad mei myn bêste bonnenmaat
Fan ’t bontsje skriuwen dogg’ ús jûns de klauwen sear
Wy kamen earst noch op it fytske, mar wy ha no, al is ’t in lytske
In moaie auto fan de Tsjinst Parkearbehear
Wat jim ek sizze,’k wol ’t net hearre,‘k lit my de wille net bedjerre
Stek yn myn eigen kont in grutte grauwe fear
Dit is gjin wurk, dit is karrière, foar myn maat en my tegearre
It is fantastysk by de Tsjinst Parkearbehear
Wy reizgje licht dat jout mear faasje, sûnder geastlike bagaazje
Dus skel mar raak, it docht ús dochs net sear
Ek de frou is by my wei, mar dêr sit ik net echt mei
Ik ha ferkearing mei de Tsjinst Parkearbehear
Wy hawwe wier in prima job, wy plakke oeral bontsjes op
Mar ien dei yn ‘e wike is’t ferkeard
Dat is dy gloeiende gallige snein, dan binne wy alhiel ferslein
Omdat dan oeral elkenien fergees parkeart.
Jou my in tút, ik wol dyn lippen fiele
Hâldt my fêst en lit my nea wer los.
Want de moarn is sa ûnwis en wistû,
As ik dy dan mis dan setstû
Mei in tút myn hiele liif yn brân.
Jou my in tút, sa ast’ nea earder dieste
Rûch en wyld, dan wurd’ ik fuort healwiis
Mei dyn hânnen oer myn hier en holle
Ek al sit der wier net folle
Mei in tút fan dy kin’k alles oan
Lit de band mar spylje en de hûn mar bylje
Moatst’ my rinkefylje, nee, hâld noait wer op.
Jou my in tút, ik wol dyn flibe priuwe
Waarm en wiet, ik bin sa sljocht nei dy
En ik ha der al salang op wachte
Lit my no net langer smachte
Want in tút fan dy is wat ik wol (3x)
© Gurbe Douwstra, septimber 2004
Sy lei amper yn ‘e widze, doe rôpen heit en mem
‘tink hjir mar om, dit famke hat talint
Dit wurdt in echt sportfrou en it makket wier neat út
Of sy op redens ryd of fytst of swimt’
Dus sy koe noch mar krekt krûpe of dêr stie sy al op ‘t iis
Mei redens fan in grouwe tûsend gûne
Sy krig’ in coach en ek in haptonoom want sy die soms wat healwiis
Sadat suksessen no wolle komme soenen
Mar dy coach dat wie in frjemden, hie har samar yn syn macht
En sei tsjin har ‘sa silstû noait wat winne
Ik jou dy wol in spuitsje en wat piltsjes foar de nacht
Dan kin gjin minske dy moarn noch berinne’
Se spuit, se snúft, se slikt, se docht alles foar de kick
Om oait ris ien kear kampioen te wurden
Se slikt, se snúft, se spuit en har lichem wurdt ferbruid
Mar ach wat jout it, Jantsje da’s in hurden
It waard neat mei dat riden, dat hienen se al gau besjoen
Dus sei har heit: ‘wy moatte mar te fytsen’.
Op stjonkend djoere buizen, heuvel op en heuvel ôf
Yn it spoar fan Wiebren, Wopke en Wytse
Mar ús Jantsje koe’t net risse, kaam meastal achteroan
Al stienen heit en mem noch sa te razen
Dus de kont mar fol mei EPO, mar wat hie sy dêr no oan
Want dû makkest fan in knyn dochs noait in hazze
sy smieten har yn ‘t wetter, mar sy sonk fuort as in stien
Foar swimmen like Jantsje net te dogen
In keale kop, in haaiepak, sy waard nea nûmer ien
Gjin boarsten en dus ek gjin driuwfermogen
It wie al net de moaiste, mar ach wat jout dat no
Want ast’ sukses hast krijst fansels in fint
In manager of trainer of in oare profiteu
Elts wa’t mar tinkt dat er wat mei dy wint
Mar fan al dy frjemde piltsje wie har liif folslein fan slach
De skouders twa kear breder as de billen
Har stim waard al wat leger, sy krig’ sels hier op ’t boarst
Gjin keardel hie mei har noch nocht oan wille
© Gurbe Douwstra, maart 2001
Ik wit it wol, elk minsk hat syn problemen
Spul op it wurk of rûzje mei de frou
En foar guon oaren is de pech noch wat ekstremer
Sille bungee-jumpe mei in krekt wat te lang tou
Mar earlik sein ’t is my it praat net wurdich
It docht my neat, ik wurd net kâld of hyt
Want ik ha sels folle grutter soargen
Ik reitsje ien foar ien myn wylde hierren kwyt
Wa hat wat hier te hier, wa hat wat hier te hier
Ik wol in pôle, in hiele holle fol
Wa hat wat hier te hier, wa hat wat hier te hier
Docht simmerdeis sa sear, dy sinne op myn bol
Guon minsken komme noait mear by de kapper
En tinke dan dat soks fertúten docht
Guon oaren smite ‘t lêste hier nei foaren
En hoopje dan dat der gjin minsk is dy’t dat sjocht
Ut en troch is ientsje krekt wat rigoureuzer
Dy skeart it kopke as in ikeltsje sa glêd
Mar ik, ik sykje krekt wat serieuzers
Omdat it wit dat ik it sûnder hier net rêd
Wa hat wat hier te hier, wa hat wat hier te hier
Byneed in prûkje, ja dat plakt ik der wol op
Wa hat wat hier te hier, wa hat wat hier te hier
’t Is winterdeis sa kâld, sa’n heale keale kop
Toe meitsje my no blier, jow my in kop mei hier
‘k Wol sels wol frissels of in hynstesturt
De kleur is gjin beswier, al is ’t sa giel as bier
As it dan mar ek net noch tinner wurdt
Ik soe net witte wat ik no noch dwaan kin
Sa stadichoan ha’k alles wol besocht
Ik hie sels plannen foar in hiele flinke face-lift
Mar sûnder hier op ’t boarst is dat ek om ‘e nocht
Ja, út en troch groeit my wat út de earen
En ek myn noas dy spilet aardich by
Mar hoe dan ek, ik wol ’t net aksepteare
Sa’n keale kop, nee minsken, da’s echt neat foar my
Wa hat wat hier te hier, wa hat wat hier te hier
Foar myn part wurd ik sels yn ien nacht griis
Wa hat wat hier te hier, wa hat wat hier te hier
Ach, yn myn libbenshjerst stiet dat wol eigenwiis
© Gurbe Douwstra, augustus 2004
Sy neame it Freetown, mar wa is dêr no frij
Sels de moardners binne bûn oan harren deaden
Astû fan in oare stam bist, dan hearst der dus net by
En bist ek fuortendaliks in ferkearden
Djambé wie de master, de bêste fan it lân
Sels de president liet him troch Djambé skeare
Hy hie it fan syn pake, in man mei fêste hân
En Djambé soe it ek syn soannen leare.
Djambé, Djambé, Djambé, pak skjirre, kaam en mes
En doch watstû it âlderbeste kinste
Djambé, Djambé, Djambé, folch gewoan dyn hert
Dan silst’ sjen datstû wer winst’ te lange lêste
Syn takomst like feilich, mar hjir sit er foar it rút
En yn syn skurte rêste stil syn hânnen
De beul fan Foday Sankoh stuts him de eagen út
Dat wie de ein fan al syn grutte plannen
Dan swaait syn foardoar iepen en hy krijt in frjemd gefoel
Sa sjogge jo mar wer, it kin ferkeare
Hy fielt it, dit is Sankoh hjir yn syn kappersstoel
En dêr klinkt it befel ‘dû moatst my skeare’.
© Gurbe Douwstra, febrewaris 1998
Dû hast my lêsten noege foar dyn brulloft
Dû woest sa graach dat ik dy trouwen seach
Mar snapst’ it net, dû stiest dêr mei in oaren
Dat fielt as stekst in Herder yn myn rêch
Tsjerkeklokken klinke oer de Buorren
Mar ik fyn dat mar gekoanstekkerij
Want net salang ferlyn hastû tsjin my sein
‘De klokken klinke aanst foar dij en mij’
Ik kocht alfêst in húske op ‘e heide
‘k wûn op ‘e merk’ in ringkje fan doublé
‘k Ha altyd tocht, dat sko’k dy oan ‘e finger
atsû dyn ja-wurd joust, mar dû seist ‘nee’
Tsjerkeklokken klinke oer de Buorren
En al it folk is sa optein en blier
Mar ik sit hjir allinnich yn myn húske
Fersûp al myn fertriet yn liters bier
Ik sjoch dy dêr al stean mei reade roazen
In moaie trouwjurk mei in kraach fan bont
Mar stiekum hoopj’ ik dat er út ‘e naad knapt
Dan stiest dêr aansen yn dyn bleate kont
Tsjerkeklokken klinke oer de Buorren
Mar ‘t liket no wol in begraffenis
‘t Is as wurdt myn lêste lok bedobbe
Nee, ik sil nea echt witte wat dat is