Thús

Útbrocht yn 2010​

It album ‘Thús’ ferskynde yn 2010. Hjirop stean ûnder oaren fansels it titelliet, mar ek it lietsje oer ‘Heit’, it ôfskiedsliet foar mem: ‘Foar ivich farwol’ en it sfearfolle ‘Oktoberlân’ op in tekst fan Bart Kingma.

(trad. Bart Kingma, Gurbe Douwstra)

Al jierren woe ik de Ierske traditional ‘Raglan Road’ graach yn it Frysk dwaan. Mei help fan Bart Kingma slagge it om in moaie oersetting te meitsjen fan wat eins in fers is fan de Ierske dichter Patrick Kavanagh (1904-1967)

Op ‘e âlde dyk op in hjerstige dei, wie it dêr’t ik har fûn
Har swarte hier wie as in tried, dy’t my fuort oan har bûn
Ik wie ferlern en as in bern rûn ik har achternei
En ik tocht: wat soe ’t, want hjoed is hjoed, oant de dage fan de dei

By de kâld’ seedyk oan ‘e ein fan it jier, kuieren wy wat oer de kaai
See en lân joegen ús oan wêr’t de grins fan de passy lei
Sy spile sa goed de frou dy’t ik woe, mar ik doarst net by har fjoer
‘k Hie al safolle leaf en nei safolle kear is it lok my meast te djoer

Al wat ik tocht dat joech ik oan har; ik joech har in âlde trien
Dy’t wasket en weakket, de herten noch rekket, fan de goaden fan lûd en stien
Ik seach har gesicht, ik spruts in gedicht, oer de waarmte yn ‘e kjeld
Mei har namme der yn en har wyld’, swarte hier, as in wolk oer it maitiidsfjild

Oer in stille dyk, âld en oanein, sjoch ik har út en troch nochris gean
Sy rint foarby en ik sjoch har nei, en kin my sels ferstean
Dat ik hold fan in roas, ferstienne as froast, in blom fan de kâlde klaai
En ik tocht: wat soe ‘t, want hjoed wie hjoed, oant de dage fan de dei.

Gurbe: sang en akoestyske gitaren, Johannes Adema, kontrabas, Jan de Vries: akkordeon, Gerdien Leguijt: fioele, Ben Mooibroek: tinwhistle

(John Prine, Gurbe Douwstra)

Ik socht nei wat gaadlike duetten foar Gerbrich en my en dan is John Prine in boarne, dy’t eins nea opdroeget. ‘A town this size’ is it orizjineel.

Yn in doarp as De Pein, dêr bliuwt wier neat geheim
Wêr’t ik stean of wêr’t ik rin; ik kom oeral kunde tsjin
Sels in stikeme tút, komt hjir fuortendaliks út
Nee, der bliuwt neat geheim, yn in doarp as De Pein

Yn it fyts’hok op it plein, op de bank fan dyn wein
Asto tinkst dat nimmen sjocht, it komt altyd foar it ljocht
Wat ik doch en wat ik tink, wat ik yt en wat ik drink
Ek al ha ik neat by d’ ein, der wurdt altyd wat fan sein

Ik hie spul mei de faam en ik wit net hoe’t it kaam
Mar it wie amper jûn, wie ’t it hiele doarp al rûn
Ik hie gûld as in bern, hie myn kop hast ferlern
Ek al is dat net wier, it jout nimmen in sier

Gurbe: sang en akoestyske gitaar, Gerbrich van Dekken: sang, Johannes Adema: kontrabas, Jan de Vries: akoestyske gitaar, Johanna Hamstra: banjo, Gerdien Leguijt: fioele

(tekst en muzyk: Gurbe Douwstra)

In pear koarte oantinkens oan de tiid doe’t ik noch as lytse pjut om it âlderlik hûs hinne dangele.

Myn wrâld wie amper grutter as it hiem achter it hûs
Mar yn myn lytse kopke makk’ ik reizen by de rûs
En drige der gefaar: hold ik my stiller as in mûs
Wie ik yn de earms fan mem samar yn ‘e sûs

As ik it túnpaad noris útrin en dan stikem troch it stek
Dan bin ik ommers samar oer de dyk
Mem, dy sjocht it dochs net, kloppet kleden oan it rek
En ik wurd samar wei hjir yn ‘e wyk
Mar stel, Jehannes Bimbam op syn swarte hege fyts
Komt my dan ynienen achternei
Ik kin ‘m net ûntrinne, want myn skonkjes binn’ te lyts
Ik leau, ik hoech hjir net sa needich wei — ik bliuw mar thús

Mar oan de oare kant de Dwersfeart leit it romme iepen fjild
Dêr wachtet grif it grutte aventoer
Ik freegje aanst wol immen dy’t my oer de hikke tilt
De hiele middei strúne by de boer
Mar dan moat ik al foarby oan Swarte Jan, de oaljeman
Dy sjocht altiten sa ferwoest my nei
Al hat er nimmen kwea noch dien, dêr leau ik wier neat fan
Mar och, ik hoech hjir net sa needich wei —- ik bliuw mar thús

Gurbe: sang en akoestyske gitaar, Johannes Adema: basgitaar, Sietse Huisman: slachwurk, Rik Meijer: akoestyske gitaar

(Leonard Cohen/Bart Kingma)

Dit liet wie ûnderdiel fan it live-programma ‘Prachtige Ferliezers’ mei yn it Frysk oersette lieten fan Leonard Cohen.

Krijst de groetnis fan de oare kant
Fan pine en fertriet
Mei in leafde dy’t gjin ein hat
Fyn ik dy wer yn dit liet

En ik sjong foar d’âlde boeren
Dy’t gjin lân ha en gjin fee
Foar de mem dy’t doelleas omrint
Want har widze is noch leech

Foar it hert, sa leech en iensum
Foar de siele, sûnder sin
Foar de prima ballerina
Dy’t noch nearne dûnsje kin

Troch de grize, neare dagen
Toch de tsjust’re, wylde nacht
Moatsto dwaan watst hieltyd sein hast
Hoewol ’t der eins net mear ta docht

Moatst it dwaan foar âlde boeren
Dy’t gjin lân ha en gjin fee
Foar de mem dy’t doelleas omrint
Want har widze is noch leech

Krijst de groetnis fan de oare kant
Fan pine en fertriet
Mei in leafde dy’t gjin ein hat
Fyn ik dy wer yn dit liet

En ik sjong foar d’âlde boeren
Dy’t gjin lân ha en gjin fee
Foar de mem dy’t doelleas omrint
Want har widze is noch leech

Gurbe: sang en akoestyske gitaar, Gerbrich van Dekken: sang, Johannes Adema: kontrabas, Jan de Vries: akkordeon, Johanna Hamstra: banjo, Gerdien Leguijt: fioele

(tekst en muzyk: Gurbe Douwstra)

De ynspiraasje kaam fan de blommekiosk rjocht foar myn stamkroech oer, dêr’t foaral oan de ein fan de middei geregeld manlju boskjes blommen keapje.

Ik jou it ta, ‘k bin net altyd de tûkste
Ik bin net oars as watfoar oare fint
Mar ik neam elke man in grutte liger
dy’t tsjin my seit dat hy de froulju ken
Ik bin al moai wat jierren oan ‘e stúdzje
En krekt as ‘k tink, ‘k ha alles no wol leard
Dan krij ik fuort it lid wer op myn snútsje
Mar tink dan sels, ‘wat doch ik no ferkeard’

‘k Siet lestendeis yn ‘e kroech te kaarten
Mar ’t wyfke tocht dat ik om iten wie
Dat wie ek ôfpraat, mar ‘k hie net yn ‘e gaten
Dat sy gjin nocht oan kâlde pizza hie
Healwei it spul dêr rattelt myn mobyltsje
Sy flokt en skelt my fuort de earen read
En trapet my sa op myn teare sieltsje
Want sis no sels, wat doch ik no ferkeard.

Want och, toe leave, dû moatst my no dochs leauwe
Wat ik ek sis, ‘k bin o sa mâl mei dy
Dat sil ik bewize, want at wy net mear kreauwe
Dan nim ik aanst wol wer in blomke foar dy mei

En okkerdeis, ’t wie op in sneintemiddei
Siet sy te wachtsjen yn har moaiste klean
It wie wol dúdlik, ik wie wer wat fergetten
Want ik hie kaartsjes foar Ajax – Hearrenfean
Sy seach my oan, it fjoer spatt’ út de eagen
Ik sei noch sêft: ‘k ha foar dy reserfeard
Jimm’ hearre wol, ‘k sit noait om in smoes ferlegen
En sis no sels, wat doch ik no ferkeard

Mar ’t is no dien, ’t sil my net mear oerkomme
‘k ha ynfesteard en ha der wat op fûn
Us hûs stiet alle dagen fol mei blommen
Ik bin myn eigen saakje mar begûn
‘k ha alle roazen no foar ynkeapsprizen
En earlik sein, it wurdt mei my dochs neat
Want ik wur’ wol âlder, mar net in grissel wizer
Tink altyd wer, ‘ik doch dochs neat ferkeard’.

Gurbe: sang en akoestyske gitaren, Johannes Adema: basgitaar, Sietse Huisman: slachwurk, Rik Meijer: elektryske gitaar

(tekst en muzyk: Gurbe Douwstra)

It liet is basearre op it prachtige ferhaal ‘Relaasje’ út de ferhalebondel Rachlan fan skriuwster Neeltsje Bonnema fan Frjentsjer.

Sjoch dêr sit sy te genietsjen,
Smoarfereale en dat ’s te sjen
Yn de waarm’ septimbersinne,
Har eagen strielje as wie s’ in bern
Stil te wachtsjen op de keardel,
Dy’t hjir aanst wer komme sil
Want hy hat har dochs folle leaver
Dan sa ‘n Jelly, Auk of Hil

Want it wie mear as lok en tafal
Njonken har dy lege stoel
En wie ’t no sa dat hy op har
Of sy krekt mear op Oebele foel

It is no goed seis wike lyn,
Dat hy by har sitten kaam
Sa sjarmant en o sa aardich,
In dreameprins foar elke faam
En hy wie samar mei har meigien,
Hy sei ‘ik moat dy kant dochs út’
No dan is ‘t fansels wol dúdlik,
Ek al kaam der net in tút

Mar in goeie wike letter,
Nei in jûne fan komsa
Yn ‘e gong flakby har keamer
Sloech ynienen ’t needlot ta
Nimmen wit krekt hoe’t it kaam,
Miskyn beide wol wat dwyl
Mar it brike tsjil fan har rollator
Heakke oan syn scoot-mobyl

Nee, dit wie net mear lok en tafal
Suver wat in tryste boel
Want wie ’t no sa dat hy oer har
Of sy krekt mear op Oebele foel

Trije dagen as in planke;
Hie sy net fan ’t bêd of kind
Sy makk’ har soargen om har Oebele,
Want Jelly giet foar elke fint
Dus no sit sy te betinken,
Hoe’t sy him behaagje sil
Want sy hat dochs wol har twifels
Oft Feintsjelok noch helpe sil

Gurbe: sang en akoestyske gitaren, Johannes Adema: basgitaar, Jan de Vries: akkordeon

(Bart Kingma, Gurbe Douwstra, arr. Peter van der Zwaag)

In sfearfolle tekst oer wat oft der sa al yn jins holle omspoekje kin, by in kuiertocht troch it lân yn it noarden fan Fryslân. Bart Kingma slacht dêr geregeld om.

Yn de wâl stiet it reid noch te pronkjen
In markolwjuk slacht op de feart
De kij bin’ allang wer op hûs oan
In skiep dat de kjeld noch ferneart
Myn fuotstappen steane yn it boulân
As in springfoarm dy’t foll’ is mei rein
De ierde wurdt swart
De loft kleuret read
Wit wat ik moat
Ek al bin ik ferslein

Oer in bunderke grien fljocht in hazze
Allinnich op wei nei wat oars
De skriezen ha sjoen nei de guozzen
Mei elkoar fuort foar de froast
Myn siken kin ’k om en om hearre
Mei fjouwer of fiif kear de klok
De ierde wurdt swart
De loft kleuret read
Wit wat ik moat
Ek al ha’k it fergokt

Foar har dy’t skansearre is
Noait mear tegearre is
Foar him dy’t al brutsen is
Dêr’t it libben te grut foar is
In swalkjende siel
Krijt altyd in hân
Krijt altyd syn diel
Fan dit oktoberlân

De mûzen, de murden, de foksen
’t Bewiis leit hjir oeral yn ’t fjild
Mar do wolst hjir no noch net wêze
It libben wie altyd sa myld
De drokte kin dy noch net misse
It leven jout kleur oan dyn hiem
De ierde wurdt swart
De loft kleuret read
Wit wat ik moat
Ik haw it fergriemd

It boatsje hjir ûnder de brêge
It leit der fertutearze by
Mar ik kin my der goed mei rêde
It driuwt, en dat ’s alles foar my
De spegel hjir ûnder myn boaiem
Tilt alles wer boppe my út
De ierde wurdt swart
De loft kleuret read
Wit wat ik moat
It is gjin beslút

Yn de wâl stiet it reid noch te pronkjen
In muorre fan iensum bestean
Ik sjoch yn it wetter de djipte
Ik swaai nei in libbene dream
Oan dy haw ik neat mear te bieden
Do bist helder en sûn fan ferstân
De ierde wurdt swart
De loft kleuret read
Wit wat ik moat
Wy hawwe in bân

De ierde wurdt swart
De loft kleuret read
Wit wat ik moat
Mmmm, mmmm, mmmm

Gurbe: sang, Peter van der Zwaag: piano

(tekst en muzyk: Gurbe Douwstra)

Somtiden, nei it sjen fan in sjoernaal op televyzje of it lêzen fan de krante, woe ik wol dat ik gjin diel útmakke fan dizze wrâld. Aldergeloks duorret soks meastentiids net hiel lang.

Wy libje hjoed yn frjemde tiden, dizze wrâld giet op ‘e rin
‘k Sykje plak, stil en beskieden, dêr’t ik feilich skûlje kin
Idioaten ha ’t foar ’t sizzen, dy gripe gauris nei ’t geweld
Dan hoechst my net út te lizzen, dat dan gjin minskelibben telt.

Wy wurde lamslein troch ellinde, in oar syn dea is deagewoan
Salang at wy se mar net kenne giet it ús dus ek neat oan
En stjert de ien troch aids of honger en de oare troch in bom
Wy sjogg’ net op, wy zappe fierder, freegj’ ús net mear of wêrom

Dus wol ik sweve, wol ik sweve, wol ik sweve troch de loft
Sûnder lûd en sûnder leven, sûnder doel, sûnder skoft
Ik wol dwale, ik wol doarmje, ik wol driuwe op de wyn
Ik wol sweve, sweve, sweve, oant dat ik myn rêst wer fyn

Ik wit it wol, soks moatt’ je keare, ’t lit al tefolle minsken kâld
En at je nearne mear foar steane, wat ’s dan je doel op dizze wrâld
Mar ik lit it oer oan oaren, wa fan jimm’ hat noch de moed
Tûzen jier hat neat feroare, ’t komt, neffens my, ek nea wer goed

Dus lit my mar sweve, lit my sweve, lit my sweve troch de loft
Sûnder lûd en sûnder leven, sûnder doel, sûnder skoft
Lit my dwale, lit my doarmje, lit my driuwe op de wyn
Lit my sweve, sweve, sweve, oant dat ik myn rêst wer fyn

Wa sil my no aanst noch misse, at ik stiekem fuortflein bin
‘k Krij gjin lêst mear fan ’t gewisse, no net ien my hearre kin
Dus ik lit mysels ferdwine, hâld my blyn, dôf en stom
En ik sweef oant oer de kime,
Jimm’ sjogge my net wer werom (3x)

Gurbe: sang en akoestyske gitaren, Johannes Adema: basgitaar, Rik Meijer: elektryske gitaar

(tekst en muzyk: Gurbe Douwstra)

Ek al soe men út de tekst wat oars helje kinne, ús heit en ik koenen goed mei elkoar. Mar soms hienen je wollen dat je mear mei elkoar praten hienen. En meastentiids betinke je dat te let.

Wy hawwe eartiids noait echt praten
Ik wie te dwers, te eigenwiis
Ik harke leaver nei myn maten
Wat jimm’ ek seinen ‘t wie my in griis
‘k hie gjin ferlet fan wize wurden
Al hielendal net fan goeie rie
Dus krústen wy swijend faak de swurden
Ik hie gjin aan hoe sear ‘t dat die

Mar no stean ik foar de spegel
Sjoch en fiel wat elk ek seit
Wy wurde hieltyd mear deselde
Ik lykje hieltyd mear op heit (2x)

It is ek letter nea wat wurden
Beide te drok of ûnderweis
Ja, inkeld noch op sneintemoarne
Wat kofjepraat, famyljenijs
‘Sis heit, hoe is ‘t eins mei myn broerke
‘t is salang lyn dat ik him seach
Ik kom ek amper by myn susters
Tefolle drokte op ‘e rêch’

Wy tochten werklik wier oer neat gelyk
Net oer it leauwen, net oer de polityk
Mar wie it needich, wist ik sûnder mear
Ien telefoantsj’ en heit stiet foar my klear

‘t Is no te let foar moaie wurden
Ik leau ek net dat heit my heart
Want ik bin ôfdwaald fan de ‘kudde’
Ha no fan rêding gjin ferlet
Soms soe ik wolle dat it oars wie
Dat ik heit wer moetsje sil
Al wie ‘t mar om him te sizzen
Dat er altyd by my wêze sil

Gurbe: sang en akoestyske gitaar

(tekst en muzyk: Gurbe Douwstra)

‘It komt wol wer goed’ wurdt faak sein, as treast wannear’t immen wat slims oerkomt. Mar net altyd komt it goed en wat sizze je dan?

Kom hjir no ris lizzen, jou dy mar del
Krûp stiif tsjin my oan, feltsje tsjin fel
Wat kin it ús skele, de wrâld bûtendoar
Wy hawwe foar even genôch oan elkoar

Want ik wit wol, it libben it net altyd fleur
It binn’ skaden fan griis en net folle kleur
Mar al wolst my net leauwe, ik mien it oprjocht
Achter de wolkens skynt faaks wol wer ljocht (2x)

Kom hjir no ris sitten, ticht tsjin my oan
En hâldt my mar fêst, hantsje yn hân
En astû it wolste, dan joust dy mar bleat
Moatst efkes gûle, it hinder’t wier neat

Ik wit wol, it libben it net altyd fleur
It binn’ skaden fan griis en net folle kleur
Mar dû moatst my dochs leauwe, ‘k ha ’t dy sa faak al sein
Oan hast elke tunnel komt ek wer in ein (2x)

Kom no mei my dûnsjen en fiel dy frij
Dyn hertsje by myn hert, sa hiel tichteby
Tink net oan juster en tink net oan moarn
Wy ha dizze dei, wy binn’ al bedoarn

Dû witst no, it feest duorret meast mar in jûn
Dan hast beide fuotten wer op ‘e grûn
Mar hear no ris, leave, nei wat ik dy sis
Inkeld de ein fan ús libben is wis (2x)

Ik sjoch it wol, leave, ek al hast it net sein
Dû bist fan it fjochtsjen hast skjin oanein
Dus kom hjir mar lizzen en jou dy mar dêl …

Gurbe: sang en akoestyske gitaren, Johannes Adema: basgitaar

 

(Bart Kingma, Gurbe Douwstra)

In prachtich, wat ôfwikend, leafdesliet.

Se sizze: ’t is as is der neat mear wis
As slachstû alle planken mis
De triedden los, want leafde makket frij
It tilt dy op, iepen’t en it slút
Mar wier, ik sjoch der net nei út
Want leaver as de leafde haw ik dy

Se sizze: ’t Fielt oft der in reinbui spielt
Dy’t al dyn âlde krêften hiel’t
In suver moed, leafde makket frij
It frist dy op, it sterket en it groeit
Mar ik hoopje dat it my net knoeit
want leaver as de leafde haw ik dy

Ja, alles wat in oar al wit
Wat yn ús djipste tinken sit
Dat jildt net mear, dat hoech ik net
Want ik bin al troch dy beset

Se sizze: ’t Giet as is ’t in oare tiid
As wie der neat dat trochbestiet
In suv’re loft, want leafde makket frij
It pakt dy op nei wêrsto wêze moatst
Mar ’t wurdt my no al kâld om’t boarst
Want leaver as de leafde haw ik dy

Se sizze: Wat it mei in minske docht
Is mear as troch in god betocht
In eigen skepping, leafde makket frij
It knapt dy op, en elkenien kin ’t sjen
Mar ik bin bliid dat ik dy al ken
Want leaver as de leafde haw ik dy

Se sizze: ’t is as is der neat mear wis
As slachstû alle planken mis
De triedden los, want leafde makket frij
It tilt dy op, iepen’t en it slút
Mar wier, ik sjoch der net nei út
Want leaver as de leafde haw ik dy

Se sizze: ’t Rint lykas it altyd rint
It einig’t as in oar begjint
It past ‘m oan, want leafde giet foarby
It wynt dy op en wuollet faaks wer ôf
Mar libbenslang is my genôch
Want mear as leafde hâld ik noch fan dy (3x)

Gurbe: sang en akoestyske gitaren, Johannes Adema: basgitaar

(Steve Earle, Jan de Vries, Gurbe Douwstra)

Jan de Vries kaam mei dizze prachtige jankfodde fan Steve Earle oansetten foar ús ploechje ‘Gurbe en Freonen’. Hy joech ek de oantrún ta de oersetting. Yn it orizjineel sit allyksa in knypeach.

Wa hie tocht, dat ik dy hjir moetsje soe
Stikem wist ik dat it koe
Mar, hoe moat ik hjir no mei
’t Is wol frjemd, mar myn hert jout suver ljocht
Alle kearen as ‘k dy sjoch
Want ik hâld hieltyd noch fan dy

‘k Sjoch dy stean, oan de oare kant de flier
’t Is it byld da(t) ‘k fan dy hie
Stiest der mar wat iensum by
It giet wol goed, salang astû net tsjin my praatst
Oars dan wurd ik weak en raar
Want ik hâld hieltyd noch fan dy

Ik die alles wat ik koe, mar ’t langjen die sa sear
Alle kearen hoop’ ik stil datstû net opstapst, dizze kear.
Dan hoegde ik net te sjen hoe ofstû giest
En myn hert sawat befriest
Want ik hâld hieltyd noch fan dy

As ik wist wat ik no sjoch, dan wiestû noch by my
Hie ik grif wol wat betocht, in blomke of wat frijerij
Dan hoechde ik net te sjen hoe ofstû giest
En myn hert sawat befriest
Want ik hâld hieltyd noch fan dy
Dan wie ik noch goed by myn ferstân
Hie ‘k dy altyd by my hân
Want ik hâld hieltyd noch fan dy

Gurbe: sang en akoestyske gitaar, Gerbrich van Dekken: sang, Johannes Adema: kontrabas, Jan de Vries: dobro, Johanna Hamstra: banjo

(tekst en muzyk: Gurbe Douwstra)

It ferske beskriuwt net mear en net minder as de tinzen dy’t troch my hinne giene, ûnderweis nei hûs om mei myn neiste famylje foar ivich ôfskied te nimmen fan ús mem.

’t Is in graugrize dei yn novimber
De tiid glidet oan my foarby
In swier silend swurk oer de greiden
En de loft dy gûlt sêft mei my mei

Der rydt net in mins oer de Wâldwei
Net in libbene siel yn it fjild
Gjin fûgel, dy’t fljucht oer it wetter
Alles ferlitten en stil

En ik fiel my sa spierlike allinne
As wie ‘k de lêste op ‘e wrâld
Inkeld mar leechte om my hinne
Alles sa tsjuster en kâld

En ik wit wol, dit is net kearen
Hoe graach oft ik dat eins ek wol
En it is no te let om te learen
Hoe sis ik foar ivich farwol

Wa sil my aansen noch heine
Wêr fyn ik no noch myn moed
Wa jout my plak om te skûljen
Wa seit: ‘it komt wol wer goed’

En ik wit wol, ik ha neat te kleien
Mar in inkeling wurdt mar sa âld
Mar dat hat der dochs neat mei te krijen
No’t ik misse moat fan wa‘t ik sa hâld

Gurbe: sang en akoestyske gitaren, Johannes Adema: kontrabas, Jan de Vries: akkordeon, Gerdien Leguijt: fioele

(tekst en muzyk: Gurbe Douwstra)

It liet is skreaun ûnder oaren as temanûmer foar in muzykteaterstik oer de wyk Noardeast yn Drachten, de wyk dêr’t ik hikke en tein bin. Op in stuit slim fertutearze, mar yntusken al wer aardich opknapt.

De jûn falt oer in hjerstich Drachten en âlde Tseard strúnt om it hûs
Snúft de ‘weed’ yn buormans túntsje, rekket súver yn ‘e sûs
Hy tinkt werom oan d’ âlde tiden, fan ‘oer de hage’ en ‘meiinoar ien’
Mar de buert is bot feroare, twa wenten fierder ken er net ien

De radio sjongt fan ‘D’ âlde Dwersfeart’, mar dy tiid is lang ferflein
Gjin wetter mear, gjin Hege Brêge, gjin beammen en gjin Bopperein

De winterjûne falt oer Drachten en âld Tseard skoot troch de snie
Hast nimmen faget noch it paadsje, hat noch ferlet fan goeie rie
Hy wit wol, tiden hawwe tiden, mar eartiids waard der wat fan sein
Hy hat gjin nocht mear om te striden, fielt him faak iensum en ferslein

Hy hat wol tocht: ‘k moat mar ferhúzje, it komt hjir op ‘e kop ferkeard
Sa’n moai nij húske yn ‘e Wiken, hjir oan de oare kant de feart.

Mar dit is myn plak, hjir wol ik wenje
Hjir binn’ myn roots, hjir wurd ik âld
Dêr ‘k yn ‘e widze lei, hoe kin ik hjir no wei
Hjir is myn thús, dit is myn wrâld

De maitiidsjûne falt oer Drachten en troch de doar skoot lytse Tseard
Komt alle dagen noch by pake, al wennet hy hjir no net mear
Syn âlden woenen hjir net mear wêze, keazen foar in nijbouwyk
Mar hjir hat er al syn freonen, fielt ‘r him thús, hjir is er ryk

En dan sjocht hy op nei pake en dan mient ‘r wat ‘r seit
‘Ik kom werom as ik aansen grut bin, en dan gean ‘k hjir noait wer wei.

Gurbe: sang en akoestyske gitaren, Johannes Adema: basgitaar, Sietse Huisman: slachwurk, Jan de Vries: akkordeon, mûlharp

(Willie Nelson, Gurbe Douwstra, blazersarransjemint Menno Haantjes)

In goeie freon wiisde my op dizze wat morbide ‘murder ballad’ fan Willie Nelson. It orizjineel hat in tekst mei in knypeach. De Fryske wurden moatte fansels ek net al te serieus nommen wurde.

’t Wie net myn doel dy hjir te sjen
Omdat ik soms mysels net ken
Dochs bin ik kaam, sjoch my no stean
Want ik lit dy wier net samar gean

Wês net benaud, ast mar neat seist
Salang ast yn myn earmen leist
Bistû in part fan myn bestean
En lit ik dy net samar gean

Troch watfoar kronkel yn dyn kop
Seistû it my no sa mâl op
Ik bin in dweil, mar is dit myn lean
Dan lit ik dy net samar gean

Sels mei myn hannen om dyn hals
Praatstû tsjin my noch like falsk
Dus knyp ik troch, as yn in dream
Want ik lit dy wier net samar gean

Dyn stim is stil, dû seist neat mear
En dochst my no ek nea wer sear
Dit is net goed, ’t is sels ferbean
Mar ik wit wol: silst nea wer gean

Gurbe: sang en akoestyske gitaar, Siemen Hoekstra: bugel, Piet Bergsma: bugel, Tjipke Pasma: hoarn