Noch fjouwer kear ’70!!’

Ik sil de kommende wiken noch fjouwer kear myn 70ste jierdei fiere mei it teaterlietsjesprogramma ’70!!’. Op ’n paad mei de muzikanten Jan de Vries en Bonne van der Wal en technikus Pieter Meindertsma. En grif wurde dy lêste fjouwer krektlike moaie feestjes as de earste 13 foarstellings. Dus gryp jim kâns en wês der by. No saterdei 6 april yn de Groate Kerk yn Sint Jabik (www.groatekerk.nl), freed 19 april yn de Krúswei yn Damwâld (www.aktiviteitenkommisjedekruswei.nl), saterdei 20 april yn MFC de Wier yn Oerterp (www.mfcdewier.nl) of as lêste saterdei 11 maaie yn it Posthuis Theater op it Hearrenfean (www.posthuistheater.nl). Ik sjoch jimme graach by ien fan dizze lêste foarstellings.