Frisicana: Burgum en Balk útferkocht

  • Bericht auteur:
  • Bericht gepubliceerd op:1 februari 2023

Piter Wilkens, Marcel Smit en ik binne yntusken úteinset mei de toer fan Frisicana IV – Wanted … Alive’. De try-out en premjère hawwe al west en it kommend wykein (3 en 4 febrewaris) stean wy yn de Trije Doarpen yn Kollumersweach en de Lawei yn Drachten. Foar beide foarstellings binne noch wat kaarten beskikber. De beide folgjende foarstellings, 18 febrewaris yn Burgum en 19 febrewaris yn Balk, binne beide al skjin útferkocht. Wy komme dêrnei noch yn It Maskelyn yn Hurdegaryp (10 maart), de Groate Kerk yn St. Jabik (12 maart), it Baron-theater yn Opende (18 maart), de Skâns yn de Gordyk (25 maart), de Riedsseal yn Bûtenpost (26 maart), sjoch dêrfoar op www.maskelynbûtenpost.nl, yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek (1 april) en it Posthuis op it Hearrenfean (22 april). Dus noch mooglikheden genôch om dit nijsgjirrige programma mei Frysk en Ingelsk repertoire te sjen, mar wachtsje net te lang mei it keapjen fan kaarten.