Kaartferkeap ‘Ald en (heal)wiis?’ set útein

It duorret noch oant 18 jannewaris 2026 dat myn nije teater-lietsjesprogramma ‘Ald en (heal)wiis?’ úteinsette sil, mar in protte teaters, sealen en kommisjes begjinne de kommende tiid al mei de kaartferkeap. De  gruttere teaters hawwe de programmabrochures ek al út en hawwe it programma al online op de websites set. Ik wit bygelyks dat der yn de rin fan dizze wike al kaarten  foar myn foarstelling kocht/reserfeard wurde kinne by ûnder oaren de Koornbeurs yn Frjentsjer, it Posthuis yn it Hearrenfean, theater Sneek yn Snits, de Lawei yn Drachten en dan krekt wat letter de Skâns op ‘e Gordyk.

Ek al yn de ferkeap binne de optredens yn de Pleats yn Burgum, fia www.podiumdepleats.nl, it Barontheater yn Opende (Grinzer Peen), www.barontheater.nl, it Dielshûs yn Wommels, www.itdielshus.nl, en Paviljoen MeM yn Bûtenpost, www.paviljoenmem.nl.

Sjoch foar alle data en lokaasjes yn de aginda fan dizze site.