Tongersdei 17 april wie dan de definityf lêste foarstelling út it projekt ‘Frisicana’, dat ik jierrenlang dien ha mei kollega sjonger/lietskriuwers Piter Wilkens en Marcel Smit. Wy hawwe fiif Frisicana-toernees dien en meiinoar wol mear as 70 optredens yn dy setting dien. De lêste jierren mei Pieter Meindertsma as fêste lûd- en ljochttechnikus. It wie in moai aventoer en wy hawwe grif it Fryske publyk yn ‘e kunde komme litten mei bekende en minder bekende artysten út it Americana-sjenre. It wie boppedat alle kearen wer in moaie miks fan ús eigen Fryske lietsjes, faak gloednij, en Ingelsktalich wurk. Ik ha my ta de teannen út fermakke mei de jonges en mei it Frisicana-barren. Fansels hâldt net ien fan ús trijen op mei de muzyk en sille wy solo en yn allerhande gearstallings noch geregeld op de poadia te finen wêze. En wa wit, miskien betinke wy letter ek wolris wer wat mei ús trijen. Tank oan jimme as publyk; jimme makken dizze reis foar my mear as de muoite wurdich.
Frisicana no foarby
- Bericht auteur:Gurbe Douwstra
- Bericht gepubliceerd op:18 april 2025