Myn lêste optreden dit jier, foardat yn jannewaris de toer ‘Ald en (heal)wiis?’ begjint, is op saterdeitejûn 20 desimber o.s. yn Noardburgum. Dat is in gastoptreden by it konsert fan it koar de Hellingbazen út Feanwâlden/Feanwâldsterwâl. It is it tradisjonele ‘Winterjûn-konsert’ fan de Hellingbazen, dêr’t ik jierren ferlyn ek alris oan meiwurke ha. Wy sjonge elk út eigen lietsjes, mar dogge fansels ek wat meiinoar. Ik ha der in protte nocht oan. Let al efkes op, it konsert is diskear yn it doarpshûs ‘De Balstien’ oan de van Cronenburgweg 1 yn Noardburgum.
Winterjûn mei de Hellingbazen
- Bericht auteur:Gurbe Douwstra
- Bericht gepubliceerd op:5 december 2025