Op sneintemiddei kinne jimme moaie muzyk kombineare mei lekker ite. Ik spylje dan yn restaurant ’t Ponkje yn Wâldsein. Dat ha ik in moai skoft ferlyn ek alris dien en it heucht my noch dat dat in noflik optreden wie. Ik spylje fan 16.00 oant 18.00 oere in folslein optreden mei in koarte pauze en oanslutend kinne jimme dan genietsje fan in hearlik diner, want dat sit by ’t Ponkje ek altyd wol goed. Wa’t der by wêze wol kin op foarhân reserfeare fia de website fan it restaurant, dus www.ponkje.nl. En ik wit wol seker dat ik sels ek bliuw te iten. Wa wit, oant sjen!
Genietsje fan muzyk en lekker iten
- Bericht auteur:Gurbe Douwstra
- Bericht gepubliceerd op:5 december 2025