Foardat myn nije teater-lietsjestoer ‘Ald en (heal)wiis?’ úteinset bin ik fan it hjerst noch in kear as wat solo op ’n paad. Sa spylje ik op saterdeitemiddei 25 oktober foar de Fryske Krite yn de Miente yn Easterwâlde. In wike letter, saterdeitejûn 1 novimber, bin ik de gastartyst by it jubileumkonsert fan it Drachtster shantykoar ‘De Peijesjongers’. Sneintemiddei 9 novimber doch ik in solo-optreden yn de tsjerke fan Terkaple en krapoan in wike letter, op saterdeitejûn 15 novimber, kom ik yn de Mariatsjerke fan Boer, boppe Frjentsjer. In bysûnder optreden is der ek noch op sneintemiddei 14 desimber. Dat is yn it restaurant it Ponkje yn Wâldsein, dêr’t je nei ôfrin fan op optreden fansels hearlik ite kinne. By einbeslút bin ik dan noch te gast as solist by it konsert fan it koar De Hellingbazen yn Feanwâlden.
By de Krite, yn tsjerken en mei koaren
- Bericht auteur:Gurbe Douwstra
- Bericht gepubliceerd op:12 september 2025