It is ein febrewaris, Jan de Vries en ik hawwe efkes koart fakânsje hân, mar sille no wer op ’n paad mei it it ferfolch fan it lietsjesprogramma ‘Ald en (heal)wiis?’. Yn maart mar leafst sân kear en as earste op sneintemiddei 1 maart yn de Klameare yn Warkum. En dan fierder noch nei Burgum, Podium de Pleats, Surch, kerkje van Zurich, Koarnjum, de Bining, Heech, it Heechû, Drachten, de Lawei en Bûtenpost, paviljoen MeM. Dy lêste is lykwols al útferkocht.
Yn april en maaie komme wy dan noch yn de Koornbeurs yn Frjentsjer, Posthuis Theater, it Hearrenfean en de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek yn Snits.
In jûn/middei fol mei nije lietsjes en bekend repertoire, oanklaaid mei moaie ferhalen en smeidige anekdoates.