
Ald en (heal)wiis?
31 januari, 2026 @ 20:15 - 22:30
nnbDe premjère fan it nije teater-lietsjesprogramma ‘Ald en (heal)wiis?’ dat ik tegearre mei Jan de Vries spylje sil. Mei nije lietsjes, ferhalen en anekdoates, mar fansels ek âldere bekende en minder bekende lietsjes út myn repertoire. Diskear fanút de gedachte of it wol kloppet dat it ferstân mei de jierren komt, of dat je hieltyd wer deselde flaters meitsje. Of is it mear: hoe âlder hoe gekker? Mei fleur en faasje, út en troch beskôgjend en kritysk en somtiden wat mankelyk. Mar fansels ek mei in oantal fan myn ‘hits’.