Laden Evenementen

« Alle Evenementen

’70!!’, teater-lietsjesfoarstelling, dernjère

11 mei, 2024 @ 20:15 - 22:30

Yn febrewaris 2024 bin ik 70 jier wurden en dat feit wol ik fansels graach fiere mei myn publyk. En dus binne de optredens yn dizze nije toer eins allegear jierdeisfeestjes dêr’t jimme te gast wêze kinne. En hoe giet it meastentiids op jierdeisfeestjes? Der wurde ferhalen ferteld en anekdoates dy’t geandewei de jûn miskien wol hieltyd sterker en út en troch ek wol mankeliker wurde. En dat dan allegear as omlisting fan lietsjes; nije lietsjes, spesjaal foar dit programma skreaun, mar ek bekend en dus wat âlder repertoire, sis mar in soarte fan ‘greatest hits’.

Yn it Posthuis Theater is dit dan de lêste foarstelling, de dernjère’, fan dit lietsjesprogramma.

Gegevens

Datum:
11 mei, 2024
Tijd:
20:15 - 22:30
Site:
https://www.posthuistheater.nl

Organisator

Posthuis Theater
Telefoon
0513 619494
Bekijk de site van Organisator

Locatie

Posthuis Theater
Fok 78
Heerenveen, Fryslân 8441BR
+ Google Maps
Telefoon
0513619494
Bekijk de site van Locatie