Wolkom op myn nije website!

Wolkom op myn nije website, makke troch Jan de Vries fan DeSaak.nl yn Aldebiltsyl. Hjir kinne jimme it measte wol fine oer de sjonger en lietskriuwer Gurbe Douwstra. Solo, mar ek oer de oare muzikale projekten mei kollega-sjongers en sjongeressen. Fansels binne myn CD’s te finen en te bestellen, sjoch dêrfoar by ‘media’.
Dêr fine jimme ek de teksten fan alle lietsjes fan de cd’s. Yn de ‘aginda’ stean alle publyk tagongkelike optredens. Under ‘downloads’ binne op grut formaat foto’s te finen, dy’t rjochtenfrij te brûken binne foar publisitêre doelen. Fia de links rjochtboppe kinne jimme ek teloane komme op myn Facebook, Twitter en Instagram en it spesjale YouTube-kanaal dêr’t fideo’s fan guon fan myn lieten en optredens te finen binne.

foto ©Maartje Roos