Op dit stuit bin ik drok mei bassist/gitarist Bonne van der Wal en multi-ynstrumentalist Jan de Vries oan it repetearen foar it nije lietsjesprogramma ’70!!’. Dat giet op saterdei 13 jannewaris yn premjère yn Snits en is dêrnei rûnom yn de provinsje te sjen. De list stiet wol yn de aginda fan dizze site en op myn Facebook. Mar at jimme earder al dit nije programma sjen en hearre wolle, dan kinne jimme by ien fan de twa try-outs wêze, op tongersdei 14 en/of saterdei 16 desimber. Beide try-outs binne yn Paviljoen MeM fan de Muzykpleats yn Bûtenpost. Kaarten kinne jimme bestelle op www.paviljoenmem.nl.
’70!!’ is in in soarte fan jierdeistoer, want ik wurdt aanst 70 jier. En ik ha tocht om dat mei jimme, it publyk, te fieren en dus hâld ik 16 jierdeisfeestjes yn teaters en sealen yn Fryslân. It wurde grif moaie jûnen, mar ferwachtsje net allinnich mar fleur en joechei, want op myn jierdeisfeestjes komme ek serieuze en mankelike saken op it aljemint. Mar ik sis jimme ta dat jimme hoe dan ek fleurich nei hûs gean.