Spylje op de lannelike radio

It duorret noch efkes mar op tiisdeitejûn 27 juli sil ik, mei Wander van Duin op bas en Johanna van der Veen op banjo, live optrede yn it radio-programma ‘Thuis op 5’ fan de EO/NPO. Dat is op de lannelike stjoerder NPO 5, de jûns tusken 22.00 en 24.00 oere. Dat wurdt let thús :). It koarte optreden sit om goed 22,15 oere. It is yn it ramt fan de Provincie Tour fan ‘Thuis op 5’ en dy wike en jûn jout ir programma omtinken oan de provinsje Fryslân. Njonken live spylje wolle de beide presintatrises ek efkes mei my prate. No al nocht oan. It earste stipke oan ‘e kime. Dus tiisdei 27 juli o.s. om goed 22.00 oere live op Radio 5!