Der stean wer in pear moaie (solo)optredens op de aginda. Sneintemiddei 16 april spylje ik, op útnûging fan de Stichting BOOG, yn de Doorpsgezinde Tsjerke oan de Skilwyk yn Boalsert. In moaie gelegenheid om ek wat nije lietsjes út te besykjen.
In wike letter bin ik te gast by it jubileum fan it sjongkoar de Reinbôge fan Wâldsein. Day koar, ûnder lieding fan Louiza Saitova, bestiet yntusken 40 jier en hâldt dus in jubileumkonsert. Foaral bedoeld foar famyljeleden fan it koar en ynwenners fan Wâldsein.