Snein 10 oktober solo-optreden

Ankommende snein 10 oktober sil ik, foar it earst sûnt lange tiid, wer in folslein solo-optreden dwaan. Diskear yn de altyd sfearfolle Wite Tsjerke fan de Himrik, in plak dêr’t ik yn it ferline al faker mei in protte nocht en niget spile ha. Yn ferbân mei de situaasje fan hjoed de dei, fanwege de corona-perikels, hat de organisaasje wiislik besletten om net de hiele tsjerke fol hawwe te wollen. Ik ha begrepen dat der maksimaal 75 besikers talitten wurde. It optreden begjint om 14.00 oere en sil goed in oare, fiif kertier, duorje, sûnder skoft. Mocht der foldwaande belangstelling wêze, dan is der dyselde middeis in twadde optreden om 16.00 oere. Dêr spylje ik dan yn prinsipe wol itselde programma.