Dizze wike binne Jan de Vries en ik úteinset mei de repetysje foar it nije teater-lietsjesprogramma ‘Âld en (heal)wiis?’. Alle lieten binne klear, de ferhalen en anekdoates ek, dus it kin aanst mar los. It wurdt in tige farieard programma mei bekende, âldere lietsjes út myn repertoire mar fansels ek in stikmannich nije ferskes oer fan alles en noch wat. Oer fatbikes, âlde meuk, al as net ‘woke’ wêze en gean sa mar troch. Wy hawwe der in protte nocht oan en hoopje jimme by ien fan de foarstellings te sjen. De earste offisjele try-out is op snein 18 jannewaris yn de Witte Kerk yn Hemrik, krapoan in wike letter, saterdei 24 jannewaris, spylje Jan en ik it programma yn De Trije Doarpen yn Kollumersweach en op saterdei 31 jannewaris is dan de offisjele premjère yn de Skâns op ‘e Gordyk. Dêrnei komme wy yn de hiele provinsje; de folsleine list mewi optredens is wol te finen yn de aginda op dizze site.
Repetysjes ‘Âld en (heal)wiis?’ úteinset
- Bericht auteur:Gurbe Douwstra
- Bericht gepubliceerd op:12 september 2025