Troch omstannichheden kin de foarstelling Frisicana V – Into the sunset, it nije lietsjesprogramma fan Piter Wilkens, Marcel Smit en my, fan no saterdei 5 oktober yn MFA de Ynset yn Holwert net trochgean. In beslút fan de organisaasje, yn oerlis mei ús trijen. Lokkiernôch is der wol fuortendaliks in nije datum fêstlein. Wy komme no op saterdei 29 maart 2025 nei Holwert, De al kochte kaarten bliuwe jildich. Wa’t net kin op de nije datum kin kontakt sykje mei it MFA yn Holwert en it jild werom krije.
De earstfolgjende foarstelling fan Frisicana V is no op sneintemiddei 13 oktober yn de Riedsseal yn Bûtenpost. Dat wurdt organisearre troch de stichting Maskelyn. Hjirfoar binne noch kaarten te keap by de Dropshop yn Bûtenpost os te reserveren op de site: www.maskelynbuitenpost.nl