Nei fjouwer kear mei Frisicana op toernee west te hawwen en mei in fyfde toer yn de tarieding fûnen wy, Piter Wilkens, Marcel Smit en ik, it wol tiid om in part fan it repertoire út de earste fjouwer Frisicana-programma’s op CD fêst te lizzen. Dat wurdt in live-cd, wêrfan’t de opnames wêze sille op woansdei 1 en tongersdei 2 novimber yn it Paviljoen MeM fan de Muzykpleats yn Bûtenpost. It is koart dei, mar mochten der noch kaarten wêze en jimme wolle der by wêze sykje dan efkes kontakt mei www.paviljoenmem.nl
De CD is grif klear at wy mei ús nije toer ‘Frisicana V – Into the sunset’ op ’n paad sille. Dat programma set takom jier nei de simmer útein. Dus yn it seizoen 2024 – 2025. Letter wol mear yfnromaasje hjiroer.