Opmaat nei in nije CD

Sa, de earste rige mei demo-opnames foar it nije album binne makke. Dat hat efkes op him wachtsje litten, want earst wie ik mei fakânsje en dêrnei wie it dagenlang noch fiersten te hyt yn myn muzykhokje thús. Dan bliuwe je de gitaren oan it bystimmen en sit je boppedat net noflik, as it sa waarm is. Mar no dus in protte ek nije lietsjes efkes rûchwei opnommen, sadat wy der aanst mei oan ‘e slach kinne. Fansels lietsjes út de teaterfoarstelling ‘TePlak’, dyselden dy’t noch net op CD stienen, mar ek nije lietsjes mei miskien ek wol in pear ferrassings.

De repetysjes en opnames sette fan ’t hjerst útein, mar in definitive releasedatum is noch lang net te jaan. Gean der mar fanút dat dat earne yn de earste moannen fan takom jier wurdt. Dêr hoopje ik sels nammentlik al op. It wurdt fansels in CD, mar it doel is om ek ien fan myn jongesdreamen útkomme te litten en it album ek op finyl, LP dus, út te bringen. Ik hâld jimme op ‘e hichte.