Op nei in spesjale edysje fan ’70!!’

  • Bericht auteur:
  • Bericht gepubliceerd op:2 februari 2024

De premjère fan it nije lietsjesprogramma ’70!!’ hat west. It waard in moaie jûn yn de Noorderkerkzaal fan it Theater Sneek. Al like moai wie de middeisfoarstelling in dei letter yn in ek al folpakte Witte Kerk yn de Himrik. It lêste wykein fan jannewaris spilen Jan de Vries, Bonne van der Wal en technikus Pieter Meindertsma mei my yn de Trije Doarpen yn Kollumersweach en dat wie wer âlderwetsk gesellich! In dei letter stienen wy yn de sfearfolle Theaterkerk fan Nes yn Noardeast Fryslân en ek dat waard in moaie jûn.

De Lawei yn Drachten is fansels in ’thúswedstriid’. En dan op sneintemiddei 11 febrewaris mar wer ris nei tsjerke :). In bysûnder optreden yn de Hobbe van Baerdttsjerke op ‘e Jouwer. Dat is dy fan de ferneamde Jouster Toer oan de Midstrjitte.

Spesjaal wurdt it optreden op saterdei 17 febrewaris yn de Skâns op de Gordyk, want dat is de dei dat ik yndie 70 jier wurdt. En dus dan echt myn jierdei fier. Jimme binne wolkom!!