Op nei de premjère fan ’70!!’

  • Bericht auteur:
  • Bericht gepubliceerd op:1 januari 2024

Wy hawwe de try-outs hân en in protte opstutsen. Alle útkeazen lietsjes bliuwe der yn, de folchoarder is, foaral nei it skoft, wat oanpast, No kinne wy op nei de premjère fan ’70!!’, aanst op 13 jannewaris yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek. Wy dat binne, njonken mysels, de muzikanten Jan de Vries en Bonne van der Wal en technikus Pieter Meindertsma. ’70!!’ is in jierdeisfeestje foar myn 70ste jierdei aanst yn febrewaris, mar dan wol oanklaaid as in lietsjesfoarstelling. Jimme hearre in stikmannich nije lietsjes, mar fansels ek bekend repertoire en dat mei fansels moaie ferhalen en anekdoates. Dus wês wolkom op ien fan de 16 foarstellings. Dizze moanne jannewaris nei de premjère fuort de oare deis, sneintemiddei 14 jannewaris yn de Witte Kerk yn Hemrik en dan op freed 26 jannewaris yn de Trije Doarpen yn Kollumersweach en saterdek 27 jannewaris yn de Theaterkerk Nes (NE Fryslân). De folsleine lit stiet wol yn de aginda fan dizze website.