Op Keningsdei by kafee Marktzicht

Op Keningsdei, 27 april o.s. sil ik mei de gelegenheids Plakband spylje by kafee Marktzicht yn Drachten. Dat is rûchwei fan 11.oo oere moarns oant 15.00 oere middeis. De Plakband binne njonken mysels de muzikanten dêr’t ik earder alris mei op ’n paad west ha mei myn teater-lietsjesprogramma ‘TePlak’, fandêr ek de Plakband. Dat binne dus Johanna van der Veen op banjo en mandoline, Wander van Duin op (kontra)bas en multi-ynstrumentalist Jan de Vries op gitaar, dorbo, akkordeon, mandoline en mûlharp. Wy hoopje op moai waar en meitsje der in moaie middei fan. En mocht it no kninehokke reine dan kinne wy fansels altyd noch binnendoar spyle yn Marktzicht.