Op dit stuit binne wy, Piter Wilkens, Marcel Smit en ik, dwaande mei de lêste foarstellings fan ‘Frisicana V – Into the sunset’. Wy hawwe besletten dat dat de lêste toer wêze sil fan dit nijsgjirrich Frysk- en Ingelsktalich lietsjesprogramma. Nei fiif kear mei Frisicana op ’n paad west te hawwen, mei meiinoar mear as sântich optredens, en nei in gearwurking fan mear as tsien jier, wurdt it tiid foar wat oars. Sa hawwe wy fansels alle trije ús solo-optredens en oare projekten en om dêr wat mear romte foar te meitsjen moat yn dit gefal it Frisicana-projekt dêrfoar plak meitsje. Der stean noch in stikmannich foarstellings pland, sjoch dêrfoar yn de aginda fan dizze site, en dan is de alderlêste op tongersdei 17 april yn it Posthuis Theater op it Hearrenfean. En ek dêr wolle wy in moai ôfskiedsfeest fan meitsje. Dus at jimme it noch meimeitsje wolle wachtsje dan net te lang mei it keapjen fan kaarten.
Ofskied fan Frisicana
- Bericht auteur:Gurbe Douwstra
- Bericht gepubliceerd op:8 februari 2025