Noch ien kear ’70!!’

De toernee troch Fryslân, by gelegenheid fan myn 70ste jierdei, sit der spitichernôch hast op. Mar oan alles komt in ein. En op saterdei/sneon 11 maaie is dan de definityf lêste foarstelling, de dernière’ fan dit teater-lietsjesprogramma. Noch ien kear op ’n paad mei myn kollega-muzikanten/freonen Jan de Vries en Bonne van der Wal en fansels technikus Pieter Meindertsma. Ik tink dat ik foar ús alle fjouwer sprek as ik sis dat wy der ûnbiedich fan genoaten ha. It wienen stik foar stik moaie jierdeisfeestjes en it wie foar my in foarrjocht om dat mar leafst 17 kear dwaan te meien.

Noch ien kear dizze show en dan betink ik miskien wol wer wat nijs. Dy lêste foarstelling is dus op 11 maaie yn it Posthuis Theater op it Hearrenfean. Ik ha sjoen dat der noch kaarten binne, dus ik soe sizze, mis it net en reserfear in plakje fia www.posthuistheater.nl. En wa wit oant sjen!!