It wurdt in Krystsingel!!

Ik hoech der ek net langer omhinne te draaien, de nije singel dêr’t ik op dit stuit mei producer Harry Zwerver oan wurkje is in gloednij Krystlietsje dat ik skreaun ha, mei de titel ‘Dreame fan in Krystfeest’. Der is in prachtich arransjimint makke troch Peter van der Zwaag en der wurdt oan meiwurke troch drummer Sietse Huisman, bassist Johannes Adema, gitarist (en mear) Peter Krako, de froulju fan it strykkwartet Regina Forte (Ina Andela, Anna Molleman, Inge van der Hoeven en Andrea Meijer) kornettist Anne Groothof fan Soli Brass en de koarkes wurde songen troch Elly May en Carin Seegers. It stiet der hast allegear op, it komt no oan op it miksen en masterjen en sa en dan is it it doel dat de nije singel yn de lêste wike fan novimber útkomt. Der komt ek in fideoklip by, dy’t makke wurdt troch Wybo Smids. Ik bin razend benijd wat jimme der fan fine sille. Ik ha fan dit liet ek noch in Hollânsktalige oersetting makke, dy’t mooglik ek noch útbrocht wurde sil. It is allegear wol hiel spannend, mar goed, it moast der dochs in kear fan komme.