Nije CD?!

  • Bericht auteur:
  • Bericht gepubliceerd op:29 oktober 2023

Earder hie ik jimme tasein dat ik dizze hjerst úteinsette soe mei de opnames fan in nij album. Dat soe dan myn fyfde CD wurde. Fansels rint it allegear wer oars as dat je fantefoaren ynskatte en it liket der net op dat de opnames klear wêze sille foar de try-outs fan myn nije teater-lietsjesprogramma ’70!!”, healwei desimber. It sil sels net slagje om ien en oar klear te hawwen foar de premjère fan dat programma op 13 jannewaris 2024 yn Snits. Dus ik freegje noch efkes jim geduld. Mar ik sil beslist dizze winter mei de opnames oan ‘e gong en sa gau as ik mear wit oer wannear’t ik dy cd útbringe kin, dan lit ik dat fansels witte.