Nij album (CD/LP)

Yn de rin fan 2021 sil der ek in nij album ferskine. Dêrop komme yn alle gefallen de lietsjes út de foarstelling ‘TePlak’. De opnames wurde pland yn de earste moannen fan 2021 en mooglik komt it album noch foar of oars krekt nei de simmer út. Bysûnder is wol dat it diskear ek in elpee, in âlderwetske, mar yntusken ek alwer in nijmoadrige, lûdsdrager wurdt. De LP wie doedestiids de ienige lûdsdrager, mar doe’t ik serieus mei de muzyk úteinsette wie dy yntusken ynwiksele foar de CD. En dy is eins ek alwer achterhelle. Mar goed, it wie altyd al myn winsk om ris in echte elpee út te bringen, dus no is it dan safier. Fansels komt it album ek op CD út. Op dizze website hâld ik jimme op ‘e hichte fan de ûntjowings.