Nij album en in nije singel

It is noch net safier, mar meikoarten komt dan dochs it langferwachte, of yn alle gefallen it lang taseine nije album fan my út. ‘Romte’ wurdt de titel en dat slotliet út de foarstelling ’70!!’ sil ek op singel útkomme. Net mear fysyk, mar wol fia Spotify en oare streamingstsjinsten. It folsleine album ‘Romte’ sil ferskine op sawol CD as ek finyl, in hearlik âlderwetske LP! Ik bin op dit stuit der drok mei oan it wurk, tegearre mei opname-technikus Bonne van der Wal. Wy wurkje oan in ‘earlik’ album, rjochtta rjochtoan mei net tefolle opsmuk. Mei rjocht in sjonger/lietskriuwersplaat.

As it safier is dat it album released wurdt dan bin ik fan doel om wer in aardige aksje te betinken foar de snelle beslissers. Mei bygelyks nûmere en sinjearde eksimplaren en in ferlotting foar in pear smûke húskeamerkonserten. Hâldt dus dizze website, mar ek myn Facebook-side en Instagram yn ‘e gaten.