Nei Dútslân en Rottefalle

Der kin en mei wer spile wurde foar publyk!! En dus set ik freed 3 septimber ôf nei Engerhafe yn Noard Dútslân om dêr te spyljen mei myn freon en kollega Otto Groote. Dat is yn de Gulfhof Ihnen yn Engerhafe, net safier oer de grins en foaral in noflik plak om te spyljen. Dat wit ik fan eardere optredens op it festival Zwischen den Jahren, dat dêr ek holden wurdt. Ik sil solo wat lieten hearre litte en fansels doch ik ek wat yn ‘e mande mei it Otto Groote Ensemble. Ik ha der in protte nocht oan.

In wike letter, saterdei 11 septimber, bliuw ik hiel wat tichter by hûs. Yn Rottefalle wurdt dan it nije kulturele seizoen iepene mei ‘Rottefalle Brûst’. Dat spilet ‘m foar in grut part ôf op it plein by it ‘Werflân’, it multifunksjonele sintrum fan it doarp. Dêr sil ik in oere lang spylje, fan rûchwei 14.50 oant 15.50 oere, foar sittend publyk!! En ek dêr ha in in protte nocht oan.