Mei Gerbrich op it Easterbarren

Saterdei 27 augustus wurdt dan eindelik wer it Easterbarren holden, it altyd noflike en sfearfolle strjittefestival yn Eastermar. Dêr sil ik diskear ek wer spylje, yn earste ynstânsje solo. Mar de organisaasje hat my de hiele middei op itselde poadium programearre as sjongeres Gerbrich van Dekken mei har begelieders it Grutte Guod. En no hawwe Gerbrich en ik ôfpraat dat wy dan fansels ek wol efkes meiinoar wat spylje en sjonge kinne, sa’t Gerbrich en ik dat yn it ferline wol faker dienen. Wy dogge tusken ús solo-optredens troch en twa kear in setsje mei út beiden mei fansels begeleiding fan Wander van Duin en Josse Postma. Ik ha der no al nocht oan!!