Mear klips op Youtube

Ik ha wer efkes in pear fideoklips op myn eigen Youtube-kanaal set. At je dan sa’n kanaal ha, dan moatte je der ek gebrûk fan meitsje. It is myn doel om sa út en troch ek wat thús-opnames fan nije lietsjes op dat kanaal te setten. Want al giet it dan net botte hurd, ik bin noch wol hieltyd dwaande mei it skriuwen fan nije lietsjes. Fia it Youtube-ikoantsje op dizze site komme je it maklikst op dat kanaal.