Lêste TePlak hat west

It sit der op, de teatertoer fan myn teaterlietsjesprogramma TePlak, de puur persoanlike muzikale libbbensreis. Op saterdei 14 maaie wie de lêste foarstelling yn it Posthûs teater op it Hearrenfean. Twa jier letter as pland, want de toernee dy’t yn jannewaris 2020 úteinsette, moast nei fiif foarstelling ûnderbrutsen wurde fanwege de corona-pandemie. Mar lokkichernôch binne eins alle noch restearende foarstellings útspile. It wie in moai aventoer mei de muzikanten Johanna van der Veen, Wander van Duin en Jan de Vries en de technisi Remko Smids en Sander Stienstra. It hat my goed foldien en it smakket yn alle gefallen nei mear. Dus, wa wit yn de net al te fiere takomst in nij solo-teaterlietsjesprogramma. Ik hâld jimme op ‘e hichte.