Frysk op Riis

Nei twa kear útstel waard dan eindelik op snein 29 augustus de lustrum-edysje fan it festival Frysk op Riis holden yn de Teatertún yn Riis. Mei optredens fan de bands Jilt en Reizger, Grytz & Grize, Jaap Louwes en de Losse Binde en ik sels mei myn ‘Plak-band’, sa’t ik dat mar neamde. In flinke set mei ek wat lietsjes út it teater-lietsjesprogramma ‘TePlak’, dat yn 2022 wer te sjen wêze sil (sjoch de aginda). En ek dan wer, lykas yn Riis, mei begelieding fan Johanna van der Veen, Wander van Duin en Jan de Vries. En wat hawwe wy genietsjes kind, fan it meiinoar spyljen, fan de muzyk fan de kollega’s en fan it entûsjaste publyk. In protte minsken hienen har net ôfskrikke litten troch de grize loften en …. sy krigen gelyk. Op wat lichte storein nei bleau it it grutste part fan de middei droech en waard it fyfde Frysk op Riis in noflik en sfearfol barren op it moaiste bûtenpoadium fan Fryslân. Je soenen hoopje dat der in sechsde edysje komt.