FRISICANA XL yn de Teatertún

Ein april wie alwer de lêste foarstelling fan Frisicana III, the originals, it Frysk en Ingelsk lietsjesprogramma fan Piter Wilkens, Marcel Smit en Gurbe Douwstra. Yntusken binne de tarieding fan in fjirde Frisicana-show al wer úteinset. Dat programma sil yn de earste moannen fan 2023 rûnom yn de provinsje te sjen wêzen.

Sykjend nei in moaie ôfsluter fan Frisicana III, kamen de trije sjonger/lietskriuwers op it idee om dat programma oan te foljen mei moaie lietsjes út de earste beide edysjes. Sa ûnstie in 2,5 oere duorjend programma dat op sneintemiddei 3 juli foar it fuotljocht brocht wurdt yn de sfearfolle Teatertún yn Riis, fan 15.00 oant 18.00 oere. De Teatertún is op dy snein al om 14.00 oere iepen, sadat je alfêst de sfear priuwe kinne. De kaarten kotsje yn de foarferkeap € 12,50 en kinne besteld wurde fia de mail: foarferkeap@gmail.com. Oan de kassa kostje de kaarten € 15,00 en bern o/m 12 jier kinne fergees mei nei binnen.