Friscana XL yn de iepen loft

Lykas foarich jier sille Piter Wilkens, Marcel Smit en ik ús toernee ‘Frisicana IV – Wanted …. Alive’ ôfslute mei in útbreide fersy. Under de titel ‘Frisicana XL’ bringe wy dan twa en in healoere muzyk yn it Frysk en Ingelsk op  twa sfearfolle lokaasjes. It is noch gjin tradysje, mar dat soe it samar wurde kinne, it optreden op sneintemiddei 2 juli o.s. yn de altyd sfearfolle Teatertún Riis yn it moaie Gaasterlân. Mocht it dan trouwens hiel min waar wêze dan skowe wy it in wike op nei 9 juli.

Om ek publyk út oare parten fan Fryslân de gelegenheid te jaan by dit grif moaie konsert te wêzen, dogge wy Frisicana XL dit jier noch in kear ekstra en wol yn de ek al fraaie teatertún yn Broeksterwâld, Noardeast Fryslân dus.

Beide konserten begjinne de middeis om 15.00 oere. Kaarten kinne besteld wurde fia it mailadres: achterdyk@piterwilkens.frl.

Wy hawwe der in protte nocht oan!! Dus wês der by, soe’k graach. Graach oant fan ’t simmer.