Eindelik wer los!!

De ‘stippen op de horizon’ komme no hieltyd tichterby en eindelik kinne wy wer los! Ik bin alwer drok mei repetysjes foar bygelyks Frisicana III mei Piter Wilkens en Marcel Smit mar ek al mei de TePlak-band om it sa mar te neamen. De foarstellings fan myn teater-lietsjesprogramma TePlak sille begjin takom jier spile wurde, mar mei Johanna van der Veen, Jan de Vries en Wander van Duin spylje ik ek in set op it festival Frysk op Riis, aanst op 22 augustus yn de Teatertún yn Riis. Dat is bûtendoar, in protte romte en corona-proof.

En krekt rûn kaam en befestige, wer in optreden yn Dútslân. Mei myn maat, de Dútske sjonger en lietskriuwer Otto Groote en syn Ensemble. Hy sil mei syn begelieders Ralf Strotmann en Matthias Malcher in tal optredens dwaan ûnder it tema: Otto Groote Ensemble trifft Kollegen. Op freed 3 septimber bin ik syn gast mei in solo-optreden en in tal lieten meiinoar, yn Engerhafe,  Noard Dútslân. Dat is yn Gulfhoff Ihnen, dêr’t ik ek al in pear kear spile ha op it Festival Zwischen den Jahren.

In wike letter is Rottefalle Brûst en ek dêr sil ik spylje. En sa binne der in protte stippen dy’t aanst gewoan wer optredens binne. De measten stean al yn de aginda op dizze site. Dus, wa wit oant gau en oant sjen.