Piter Wilkens, Marcel Smit en ik binne hast oan de ein fan de toer ‘Frisicana IV – Wanted … Alive’. Der stean no (17 maart) noch fiif publyk tagongkelike optredens op de aginda. Dus at jimme dit nijsgjirrige programma fan Fryske en Ingelske lietsjes noch sjen wolle, dan moatte jimme gau noch kaarten regelje. Wy komme moarn (saterdei 18 maart) yn it smûke Baron Theater yn Opende (Grinzer Pein). Kaarten www.barontheater.nl. Dan saterdei 25 maart yn de Skâns yn Gorredyk (www.skans.nl), snein 26 maart de middeis yn de Riedsseal fan Bûtenpost (www.maskelynbuitenpost.nl), saterdei 1 april (gjin grap) yn de Noorderkerkseal fan Theater Sneek (www.theatersneek.nl) en dan de alderlêste op saterdei 22 april yn it Posthuis Theater yn it Hearrenfean (ww.posthuistheater.nl). Mis it net en wês der by, soe’k sizze.