Corona’ smyt roet yn it iten

Yn de maitiid fan 2020 en yn it seizoen 2020-2021 stienen optredens pland fan myn teater-lietsjesprogramma ‘TePlak’ en de nije toer ‘Frisicana III, the originals’ mei Piter Wilkens en Marcel Smit. Mar it Covid-19 firus smiet roet yn it iten en fan healwei maart ôf moasten alle optredens ôfsein wurde. Uteindelik waard sels besletten om alles dat foar dizze beide projekten noch pland stie yn it seizoen 2020-2021 te ferskowen. Lokkichernôch binne foar alle optredens fan ‘TePlak’ en ‘Frisicana III’ nije data fûn yn it seizoen 2021-2022. Yn de earste moannen fan 2022 meitsje ik, mei Johanna van der Veen, Wander van Duin en Jan de Vries, de TePlak-toer ôf. Kaartsjes dy’t foar dizze foarstellings al kocht wienen binne ek jildich foar de ferpleatste foarstellings. Jimme wurde dêroer ek wol op ‘e hichte brocht troch de oanbelangjende teaters en sealen.

Yn septimber fan 2021 giet ‘Frisicana III’ yn premjêre en stiet de toer pland foar dat seizoen. Meikoarten wol mear ynformaasje hjiroer en de data komme fansels yn de aginda.

foto ©Maartje Roos