Alle CD’s binne wer te keap!

Al in pear moanne wie ik skjin troch de earste persing fan myn meast resinte CD ‘Op ‘n paad’ hinne. Fia de website en de mail kamen der lykwols al bestellings binnen. Troch allegear oare drokte bleau it der lykwols by om efkes in partij bymeitsje te litten. Dat is no al bard en dit wykein binne de doazen mei CD’s binnenkaam en dus wer te bestellen. Ek de oare trije cd’s, ‘Dizze stoarm’, ‘Myn eigen paad’ en ‘Thús’ binne noch altyd te bestellen. De earste beide wol yn in wat ienfâldiger hoeske as it orisjineel, mar wol gewoan mei alle lietsjes. Teksten fan de lieten fan alle cd’s binne op dizze website te finen.