
Try-out ’70!!’
16 december, 2023 @ 20:00 - 22:30
€12,50De twadde try-out fan it nije teater-lietsjesprogramma ’70!!’ dat op yn jannewaris 2024 yn premjère giet. It is in jûn- of middeisfoljend programma mei ferhalen en anekdoates ophinge oan it feit dat ik yn febrewaris 2024, by libben en wolwêzen, 70 jier wurde sil. En dat wol ik fansels graach fiere mei myn publyk, dus jimme binne wolkom en te gast op myn jierdeisfeestjes.