
Riis, Teatertún, FRISICANA XL
3 juli, 2022 @ 15:00 - 18:00
€15,As ôfsluter fan de Frisicana III-toer bringe Gurbe Douwstra, Marcel Smit en Piter Wilkens yn in 2,5 oere duorjende show de moaiste lietsjes út Frisicana I, II en III. En wêr past dat no better as yn de sfearfolle Teatertún yn Riis. It optreden begjint om 15.00 oere, de tún is om 14.00 oere al iepen. Kaarten € 12,50 yn de foarferkeap fia foarferkeap@gmail.com en € 15, 00 oan de kassa.
(mocht it waar te min wêze dan skoot it evenemint in wike op nei 10 july).